Programma SDS-nijjierssit 2025 en jou dy op!
18 december 2024SDS sneon op it krystsealtoernoai yn Frjentsjer
20 december 2024Opjaan fuotbaljen SDS-nijjierssit
Op sneon 4 jannewaris is de SDS-nijjierssit mei baljen, kaarten, rinnen, pubkwissen en in DJ.
Jou dy hjir op asto meibalje wolst.
Dit giet 13.00 oere los.
SDS/Nijland JO19-1 – sc Joure JO19-2
SDS/Nijland JO19-1 hat juster de ynhelwedstriid tsjin sc Joure JO19-2 yn Easterein mei 3-3 lykspile.
Poedelparaplu
Annejan Hallema eindige yn de foarige SDS-League as nûmer lêst. Dat betsjut dat hy in SDS-paraplu krige fansels. Dit hie al fuotten yn de ierde en it holp ek net dat Annejan ferhúze is nei Ouwe Syl. No’t wy siten dat Annejan justerjûn nei de bekerwedstriid ASWH – sc Heerenveen gie moast de SDS-paraplu al op tiid komme. Dat slagge. En hy koe him lyk brûke. It hjit ek net foar neat ASWH (Altijd Slecht Weer Hier).
Aldjierssealbalje
Op aldjiersdei wurdt der tradisjoniel sealballe yn de sporthal yn Easterein.
Der is ek altiten wat romte foar SDS’ers om te sealbaljen.
Wa’t meidwaan wol mei wol maile nei willem@vv-sds.nl.
De kryst-Treffer
De kryst-Treffer leit by ús haadstiper en favorite Drukkerij en as alles meisit leit hy rûn de kryst by jim troc de bus.
Adreswizigingen
Mochten je ferhúze wêze en je wolle yn de takomst wol graach beygelyks de Treffer thús krije dan moatte je al je nije adres efkes trochjaan.
Dat kin by Catharina Postma fan de ledenadministraasje: Ledenadministraasje@vv-sds.nl
Harsens derby (2286)
Kin gebeure……..
Your typical Sunday League clearance pic.twitter.com/uhdd1UIeqX
— Dirty Footballer (@DirtyFootbaIIer) December 17, 2024