Weppers woansdei 16-2
16 februari 2011SDS League: Marten nei de "top".
18 februari 2011Trainingsseleksje SDS 1
De A-seleksje traint jûn yn Easterein om 20.15 oere.
De folgende spilers wurde dêr ferwachte.
1. Jaap Toering
2. Ewout de Boer
3. Tsjipke Okkema
4. Feiko Broersma
5. Grietzen Broersma
6. Erik Haitsma
7. Jacob-Klaas Haitsma
8. Harm Stremler
9. Henk Postma
10. Jort Strikwerda
11. Feite de Haan
12. Jacob van Wieren
13. Kristian Gaaststra
14. Wytze Lanting
15. Jelmer Posthumus
SDS 1 seal pakt punt
SDS 1 moast juster foar de tredde woansdei op ‘e rige thús fuotbalje. Nei 2 oerwinnings siet dat der no op ‘e nij yn tsjin Haskerland 1. SDS kaam mei 1-0 foar(Willem) en jûch net in kâns fuort. Neidat it lang 1-0 bleaun, waard SDS dochs wat ûngeduldich. Dit levere wol wat kânsen op mar ek 2 messkerpe kounters fan Haskerland 1(1-2). Yn de lêste minuten doe mar “alles of neat” fuotbalje en dat levere úteinlik noch de 2-2(Wytze) op.
SDS seal 2 wint foar de twadde kear op ‘e rige
Helaas is de foto van het wedstrijd-formulier niet gelukt, maar toch zijn er positieve geluiden te horen uit het kamp van het tweede zaalteam van SDS. “Klaas van der Weg” weet te melden dat, na een enerverende wedstrijd, een 2-1 achterstand omgebogen werd in het voordeel van 2-3. De complimenten gaan ook zeker uit naar de vaste waarde in het team Hendrik Okkema (krekt 50 wurden). Deze heeft zoveel kilometers afgelegd dat het bier van de voor hem georganiseerde suprise-party weer ruimschoots het lichaam heeft verlaten. Na afloop van de wedstrijd werd het gehalte weer enigszins op peil gebracht met de daarbij traditionele frikandel mayo.
SDS 4,5,6
It gers is noch net grien mar jûn is der wol trainen. Komme dus.
Klaverjasse
En wa’t jûn net traint kin altyd noch klaverjasse. Neffens de aginda is dat jûn om 19.30 oere.
Opjaan foar toernooi
Noch twa dagen kinne jim jim opjaan foar it sealtoernooi fan kommende sneontejûn. Der steane ûnderwilens 16 man op papier en wij sjogge noch mar ien A1 spiler. Jim kinne jim hjir opjaan. Graach foar freed 19.00.
MFT
Fan it MFT sille jim de kommende simmer hiel wat heare en sjen. Wat dat krekt is kinne jim hjir lêze.
Tuiggoelag
“It tuich nei in eigen plakje” wie de ôfrûne wike in polityk puntsje. Yn de Volkskrant witte se der wol rie mei. En fine jim it stikje te lang sjoch dan yn alle gefallen wol efkes nei de lêste alinea. Utspraken fan de Ferlosser (dy út Barcelona).
Foaroankundiging
Wij binne net allinne fan it fuotbalje en fan it frysk mar ek fan de muzyk. Sneon 26 febrewaris is it wer Rocktiid yn Itens. Dizze kear gjin filmkes mar leafst 4 groepen trede dan op:
Harren oerienkomst is de Fryske taal mei har moaie hurde klanken mar muzikaal is it in ferskaat oan mondiale klanken. It giet fan Tibetaanske himelajasurfrock oant Skotse Folk en fan de Russiske polka’s nei de redneck muzyk fan Amerika. De iene band spilet muzyk mei in heech akoestysk gehalte en de oare mei elektrysk geweld.
Harsens derby (404)
“Que??”
Letter miskien mear!