Douwe Posthuma ek folgend seizoen trainer fan SDS 1
13 januari 2026Der kin wer traind wurde
De snie is fuort en it probleem mei de ôfbrutsen ljochtmêst is foarearst oplost. Woansdei binne se mei drones de oare ljochtmêsten by del west en dêr blykt neat oan te mankearen. Dat betsjut dat der wer traind wurde kin op it keunstgers.

Skeind?
It keunstgersfjild is troch de omfallen ljochtmêst lokkich genôch net bot skeind.
Foto’s komme noch
Yn de seal
SDS 2 koe net lamnger wachtsje en hat juster yn de seal traind.
Traine
SDS 1 en 2 sille fannejûn wer traine. SDS 2 fansels in hiele lichte training fan Bote Strikwerda nei it sealbaljen fan juster.
Nijland 1 komt ek trainen.
Sneon sille SDS 1 en Nijland 1 beide yn Easterein traine.
Ynhelje
SDS 3 en 4 meie sneon ynhelje. SDS 3 mei om 13.30 oere út by Bakhuizen 2 balje en SDS 4 mei om 14.30 oere út tsjin ONS 4. Wy binne benijd as alles wat trochgiet.
Gjin OFK
Troch de sniefal en de glêdens koenen de finales fan it OFK yn Frjentsjer ôfrûne sneon spitich genôch net troch gean……
Kantine
Der kin wer traind wurde, dus dan kin de kantine ek wer iepen nei it trainen op tongersdei. Stefan van Krimpen sil jûn de hapkes en snapkes fersoargje.

Sparje foar SDS
Hawwe jim dizze app al delhelle?
Troch bygelyks by de Jumbo te boadskipjen kinne je dêrmei jild foar SDS sparje.

Harsens derby (2356)
Handige Harry…….
Probably one of the worst ways to ever concede a goal. 😂😂 pic.twitter.com/RSGbnAugpt
— Sunday League Footy (@SundayChants) January 13, 2026

