Weppers tongersdei 12-9-2024

Weppers moandei 9-9-2024
9 september 2024
Seleksjes sneon 14-9-2024
13 september 2024

Wedstriden

Inkelde wiken wie ús link nei de wedstriden fan sneons mei de boksyndieling, fjildyndieling en skiedsrjochters by De wedstriden(rjochtsboppe op de webside) út de loft. Ynmiddels docht hy it wer en kinne jim by De wedstriden sjen wa ’t der sneon fluitsje moat, hoe let, yn welke boks elkenien sit en noch folle mear.

SDS/Nijland JO11-2

Hjir is de twadde alvetalfoto ek al. Margriet Rienstra stjoerde ús de kreaze teamfoto fan JO11-2. Is it net in plaatsje?

Boppeste rige fan l.n.r.: Jappie de Boer (lieder en trainer), Mauk Dusselaar, Roan Terpstra, Senne Dijkstra, Hedser Mous en Hessel de Boer.
Foarste rige: Giovanni Meinsma, Wybren Politiek, Stijn Kuiper, Melle de Boer en Rein Terwisscha van Scheltinga.
Op de foto ûntbrekt Davey Tadema.

SDS-paraplu

Mei dit waar komme je der wer efter dat sa ’n SDS-paraplu hielendal sa gek net is. Rinse Joustra wûn him earder as poedelpriis mei de SDS-WK-League en makke ûndersteande prachtige foto..
Je kinne in SDS-paraplu sneons ek gewoan keapje yn de bestjoerskeamer. Hy kostet €15,-.

Hoe soe it mei Rinse syn  ‘poedelfiskbon’ fan de SDS EK-League wêze?

SDS-League

Fansels hawwe Pieter Kamstra, Jasper de Boer, Rick Hendriks, Okke van der Kamp, Annejan Hallema, Grietzen Broersma, Dooitze Nauta, Arjan Hallema, Wessel Schraa, Mark Klijnsma en Ate-Feike de Boer harren nije team al lang ynlevere. No de rest noch!
Jim hawwe noch oant freedtejûn 20.00 oere. Graach de spilers mei de nûmers.

Kantine

Lykas eltse tongersdei is jûn de kantine wer iepen nei it trainen. Stefan van Krimpen sil de hapkes en snapkes fersoargje.

Harsens derby (2261)

Wol in hiele koarte ynfalbeurt…..