Weppers tiisdei 8-11

Weppers moandei 7-11
6 november 2011
SDS League: Fons pakt wykpriis!
8 november 2011

Sealtraine
E1 en E2 hawwe hjoed sealtrainen om 16.45 oere.

Sealtraine
E4 en E5 hawwe tongersdei sealtrainen om 17.00. Sy hawwe moarn gjin trainen op it fjild. 

SDS C1 hat oefene
Een doordeweekse oefenwedstrijd tussendoor op uitnodiging van Heeg, dat  2 weken niet gespeeld had vanwege terugtrekken van tegenstanders. Onder kunstlicht op een mooi veld was de opening voor SDS. Piter schoot na een mooie combinatie met broerlief keihard in, maar wist de uitstekende doelman niet te passeren. Langzaam creerde Heeg hierna een veldoverwicht. Fysieke kracht in combinatie met goede balbeheersing zorgde voor de 1- 0. SDS knokte zich nog terug met een uitstekende combinatie via Piter en Pieter, die prima door Lourens afgewerkt werd. Op een veld waar veel ‘van der Pol-historie’ ligt (De huidige SDS-coach versloeg in de C’s SDS ooit eveneens met 5 -2 waarna het kampioenschap volgde!) kon dit ook niet uitblijven natuurlijk. Hierna liep Heeg vlot uit naar een 3-1 ruststand. SDS kwam even terug door Casper, na een mooie actie van Frank, maar meteen sloeg Heeg toe door de 4 -2 en de 5-2 (tevens eindstand) te maken. SDS liet een enorm rommelige fase zien en gaf de coaches huiswerk mee voor de komende weken. Conclusie: een lekkere voetbalavond en een terechte nederlaag.
Tjerk

MFT
Yn de wike fan 31 oktober oante mei 5 novimber is it twadde part fan it lytse parkearterrein oanpakt.
Woansdeis, tongersdeis en freeds binne de mannen fan Okkema warber west en hat de besteande bestrating opromme en dernei de nije wetterlieding en stroomlieding lein.
Dernei is der sân op it terrein brocht en sa flak mooglik makke. Op freed hat Jan Simon it terrein ree makke sa’t we de sneons strate koenen. Hy krige derby ek help fan Klaas Overal.
En der wie in flinke ploech ree fûn om te helpen de bestrating wer oan te bringen (Simon, Pier F., Teunis, Gert Jan, Hans K., Feike, Christian, Pieter K., Hans Z., Gep, Willem T., Robert H., Klaas P. en Jan Simon). En it is wer slagge, al moat it terrein noch ôftrille wurde.
In moaie prestaasje wer en dit kear koe de hinder foar de besikers wat beheind wurde en koenen hja oer it earste part fan it parkearterrein wer nei it sportpark rinne. Ek de fytsen koenen wer pleatse wurde. De auto’s lykas ferline wike op it grutte nije terrein pleatst wurde, al hie in inkele besiker wat muoite om sa’n ‘ein te rinnen’. Foar de rest oars net dan moaie wurden fan minsken foar it frijwilligerswurk. Bedankt derfoar!
It ferfolch. Wat moat der noch barre? Der moat noch wat ôfwurke wurde oan bestrating, lykas it stik tusken de beide terrein. De beammen bliuwe stean en der tusken komt bestrating.
Ek moatte der noch nije struken pleatst wurde yn de perken lâns de dyk. Dan moat der noch in stikje bestrating komme oan it ein fan it nije grutte asfaltterrein. Dan alles noch wat opromje en bywurkje.
Op 16 novimber komt de wurkgroep wer by elkoar mei minsken fan de Gemeente Littenseradiel en sil de einbalâns fan it Projekt Multyfunksjoneel terrein opmakke wurde.
Deroer en oer oare saken folget dan in nijsbrief.
De foto’s en filmkes fan de wike fan 31 oktober oante mei 5 novimber: Foto’s_Wurk_MFT

Follybal
Freed 25 novimber 2011 wurdt yn Sporthal de Greidhoeke yn Easterein de TWADDE edysje fan it NIJE Littenseradiel Kultureel Bedriuwen Follybal Toernoai hâlden.
It begjint om 19.00 oere en der dogge 15 teams mei.

Harsens derby (606)
Sy bliuwe leuk: