Sneon 4-3-2023
3 maart 2023SDS-League: Niels en Sije pakke op ‘e nij de wykpriis mei ‘Pompoen’!
8 maart 2023Ut de LC
Kofje
It stek is iepen en der stiet ien fyts.
Dat sjocht Anne Brouwer sneontemoarn at hij rûn de klok fan 10 in bakje kofje drinke wol mei syn kofjefreonen Popko en Aant.
Dit doocht net, wit Anne gelyk.
“Wat is dit no, hoe lang duorje dy fakânsjes hjoed de dei”, freget hij him ôf wylst hij Easterein wer útriidt.
“Froeger hiene wy gjin fakânsjes op sneon”, betinkt hij him at er Wommels binnenrydt.
Seal 1 en en 2
Woansdeitejûn moat seal 2 nei Snits en seal 1 nei Boalsert.
SDS-League
Wy hoopje woansdei mei de nijste stân te kommen.
De nije Treffer
De nije Treffer leit by ús haadstiper Drukkerij Van der Eems en wy hoopje dit wykein al by jim troch de bus.
Sneon 11 maart
Midsimmercup
Ek dit jier sil der wer om de Midsimmercup fuotballe wurde yn Dronryp. Dit sil dit kear plak fine op sneon 24 juny.
Kantine
Tongersdeitejûn is de kantine nei it trainen fanôf in oer as 20.30 oere iepen. Fanôf 21.00 oere is dan Sjachtar Donetsk – Feyenoord op it grutte skerm. Enne Bruinsma hat bartsjinst, mar it kin wêze dat hy syn bartsjinst noch ruilje wol.
Grapke
Liverpool wûn snein dik fan Manchetser United. It waard mar leafst
— Out Of Context Football (@nocontextfooty) March 7, 2023
Harsens derby (2144)
It bliuwt lestich as de bal yn de feart leit.
— Out Of Context Football (@nocontextfooty) March 6, 2023