NOK 1 – SDS 1 yn byld
29 september 2025SDS-League: Teades ‘Melle syn subject’ pakt de wykpriis!
1 oktober 2025Oktoberfest

Pech
Waterpoort Boys 4 sit by SDS 4 yn de kompetysje. Sy treffe it dit seizoen net. Yn de beker waard 3 kear harren wedstriid ôflast om’t de tsjinstanner te min hie. Yn de kompetysje soe it fêst better gean……. Ynmiddels twa wykeinen hân……nul kear balle. Ferline wike hie SDS 4 t emin en ôfrûne wykein GAVC 3. Sneon hoopt WPB 4 mear gelok te hawwen tsjin IJVC 3.
Nije teamfoto
Sûnt sneon binne wy wer ien teamfoto riker. Hjir ST SDS/Nijland JO13-1:

2025-2026 SDS/Nijland JO 13-1
Steand: Jesper Huistra, Ben Fritsma, Davey Tadema, Jort Kronemeijer, Dex Hoitinga, Renko Ynema,
Jelke Sybesma en Tiede Rinse Posthumus.
Op hurken: Redmer Politiek, Hessel de Boer, Hedser Mous, Armin Stenekes, Niek Boonstra,
Ids van Wijngaarden en Syan Bults.
Jens de Vries mist op de foto.
SDS-League
Moarn komme wy rûn in oer as 11.23 oere mei de nijste stân fan de SDS-League.

Kantine
Tongersdei nei it trainen is de kantine fansels wer iepen. In moaie gelegenheid om it Europees fuotbal op it grutte skerm te sjen. Anne Patat sil elkenien foarsjen fan hapkes en snapkes.

Harsens derby (2327)
Huh!
I will always regard this as one of the funniest moments in football historypic.twitter.com/9Mn4vhPSZe https://t.co/5j7yNuCERW
— Rex (@RexCity01) September 29, 2025


