Tarieding SDS 2
23 augustus 2023SDS siket klussers! De earste is binnen. Wa folget?
29 augustus 2023Oefenje
SDS 1 hat jûn om 19.30 oere thús oefene tsjin vv Oosterlittens 1.
Der wiene aardioch wat lju te sjen.
Dy seagen in effektyf Oosterlittens 1 dy’t tankber gebrûk makken fan fan knullichheden efteryn bij SDS 1.
Yn de earste helte it bettere fjildspul foar de gasten en in ‘langeballenspul’ fan SDS dat in inkele kâns oplevere.
Oosterlitten stie bij it skoft mei 0-2 foar.
De tee die SDS goed.
Al gau op 1-2 nei in prima foarset fan Stan Korbach en in hearlike goal fan Kevin de Haan.
Dat doelpunt joech fleugels.
Mei wat wiksels kaam der mear spul spul bij SDS en kamen der in protte foarsetten dy’t net benut waarden.
Oosterlittens koe oars net dwaan as wat loere op de kounter, mar skoare siet er net mear yn.
Bij SDS noch in bal op de peal , mar gjin doelpunt.
1-2 ferlies mar in twadde helte dy’t hoop jout.
SDS-klean en -ballen en sa ophelje
Donderdagavond aanstaande kunnen de shirts, ballen, etc gehaald worden bij het ballenhok op de Skoalleseize.
Klaas de Haan en Willem Twijnstra zullen er zijn tussen 19.30 en 20.00 uur.
Mocht het niet donderdag niet lukken, laat het dan even weten dan kunnen we wat anders regelen
Net oefenje
SDS 2 soe jûn oefenje tsjin sc Bolsward 2. Dit giet net troch.
Ut de beker
SDS 2 soe kommende sneon begjinne mei in bekerwedstriid tsjin Leeuwarder Zwaluwen 9. Sy hawwe harren weromlutsen út de beker, dus dat betsjut dat SDS 2 sneon frij is. It kin al wêze dat sy noch oefenjen gean fansels.
Efkes Balje
Se setten wer heech druk, de beks stiene wer heech, de middenfjilders rûnen meast tusken de linies, de lêste man paste wer goed op de restferdigening en de gunfaktor wie wer heech.
Sjoch dêr de yngredienten foar in suksefolle Efkes Baljeedysje.
Om harren hinne wie der in grutte groep froulju dwaande mei harren bewegingsoefeningen dy’t se tsjintwurdich “bootcamp” neame.
Oan de oare side waard troch de jonge en âldere jeugd folop gebrûk makke fan de pannakoai en al dy beweging om harren hinne ynspirearden de Efkes Ballers ta it dellizzen fan in moaie spannende pot.
Mei 10 fuotballers wie it in moai oantal om it wer wykilks op te pakken. Der kinne moandeis om 19.30 oere noch wol in pear bij, want der giet ek wolris ien 5 wiken op fakânsje.
Team net giel (Han, Minne, Frank, Sipke en Johan) wint dizze edysje fan team giel ( Klaas, Wouter, Folkert Rients, Menno en Aant) , mar se leine nei ôfrin wol op “apegapen”
Pannakoai
Yn Easterein is in begjin makke mei it bouen fan in pannakoai. Juster waard der sân brocht. As it meisit dan is de pannakoai begjin oktober klear.
Bartsjinsten tongersdeitejûn
Harsens derby (2180)
Toet, toet!
— Out Of Context Football (@nocontextfooty) August 25, 2023