Weppers moandei 28-1
27 januari 2008Weppers woansdei 30-1
29 januari 2008SDS League
Eltse dei binne wy dwaande om de spilerslist foar de twadde helte fan de SDS League op orde te krijen. Wêr spilet Alves op 1 febrewaris? Hellet Feyenoord noch in topper? Docht Ajax miskien ek noch in goeie(Engelaar) oankeap? Der kin dus noch fan alles feroarje. Wolle je dochs graach mei je team oan de slag, sjoch dan hjir.
Wy hoopje sneon mei de nije list te kommen, al soe it ek hiel goed nei it wykein wurde kinne.
From Down Under
Dirk-Yde Sjaarda stapt wer op it fleantúch. Nee, hy giet net nei hûs, mar nei it lân fan de Maori’s. Dirk-Yde hat him wol fermakke yn Australië en hat sels noch efkes fuotballe en keatst(klik hjir).
De nije Treffer
De measte leden sille de nije Treffer al yn ‘e hûs hawwe. Wa ’t him ein fan dizze wike noch net yn de bus hat mei wol efkes maile nei info@vv-sds.nl.
Elel gol del murciélago
Sa neame se yn Italie in fleermûsdoelpunt. Wij wisten wol dat seefûgels soms bemuoienis hiene mei it fuotbal mar dat no ek de flearmûs yn opspraak rekket, is nij. Sjoch hjir. Wij wolle fan ús skeidsen graach witte werom dit mei.
It moat net gekker wurde
Dat je de kantine befeiligje mei alarmynstallaazjes dat kinne wij noch wol begripe. Mar dat no ek de doelen mei bewegingsmelders befeilige wurde moatte is te gek foar wurden.
Michael Ball(oon)
By PSV kaam Michael Ball net folle oan fuotbaljen ta. Yn Ingelân is hy wer hielendal oplibbe. By Manchester City giet hy no troch it libben as Michael Ball…oon!