Weppers tiisdei 28-11-2023

SDS-League: Lourens’ ‘Kale Batsaap’ pakt de wykpriis!
27 november 2023
De froulju en de manlju fan SDS 7×7 geane fol foar it hjerstkampioenskip.
29 november 2023

Yn de LC

IJVC 3 – SDS 3

Woansdeitejûn mei SDS 3 om 20.00 oere balje yn Drylts tsjin IJVC 3. Ris sjen as SDS dan wol fan IJVC winne kin. SDS 3 sil yn elts gefal mei in romme seleksje nei Drylts:
Aiso, Jorrit e, Jorrit vp, Jildert, Leon, Wiltsje, Gerben, Michael, Harm, Jasper, Halbe, Rutger, Bouke, Kees, Ate, Marco en Doede Rients.

Efkes Balje

“Jûn efkes (snie)balje”stie der yn de oprop op whatsapp op moandeitemoarn. ‘Sekers’ wisten 9 man te melden.
Njoggen dat is acht plus ien (foar it brekken).
Der wie gjin snie, it krôke (foar de jonge lêzers en oare taligen ûnder ús) dat is in soarte mei ferbylding dat it al snijt en dat it hjir en dêr wyt útslacht).
De ballen wiene der wol, dat koene los mei 5 tsjin 4. De 4 wiene tige doeltreffend.
Elk skot yn de rjochting fan it doel, gie yn it doel. 4-0 en 5-1 wiene de tuskenstannen
Bij de 5 geane se gewoan neist en oer, sa’t je dat wykliks bij SDS 1 sjogge.
Mar úteinlik wurdt it noch spannend ek.
At it 5-4 is, lit de fitheid Folkert Rients yn de steek. Hij heakket ôf en nei in transfer fan de âldste is it mei 4 tsjin 4 like spannend.
Mar gau los foar de finale fan 2 doelpunten seit Klaas, dy’t mei Menno yn de koarte broek der simmersk bijrint en net ferklomje wol.
Dat is net oan dovemansearen sein. Binnen twa minuten lizze der twa doelpunten yn en it sil jim gjin nij dwaan dat Menno en Klaas bij dy winners sitte.
Mei hes: Wouter, Ids, Sipke, Aant earst, Pieter
Sûnder hes: Klaas, Menno, Frank, Folkert Rients earst, Aant letter

Greidhoeke-derby

Sneon mei SDS nei Nijland foar de Greidhoeke-derby tsjin vv Nijland 1. Dit binne altiten spesjale wedstriden en hooplik kinne wy ús puntentotaal dêr fertrijedûbelje.
Nei de tiid komt ús favorite DJ Heavy P. ek noch del. No al nocht yn!

OFK

In ploegje SDS-manlju sil yn jannewaris meidwaan oan it Iepen Frysk Kampioenskip Sealfuotbal yn Frjentsjer. Ofrûne freed is der lotten. Dit kaam der foar SDS útrûgeljen:
vv SDS
vv Blauwhuis
vv Broekster Boys veld
FVC
sc Stiens 2
vv Makkum
By de manlju dogge der 84 teams mei
By de froulju dogge der 42 teams mei.
De froulju fan SDS slagge it net om in team byelkoar te krijen.

SDS 2

Oer de prestaasjes fan SDS 2 yn it fiere ferline is net safolle bekend.
Ek foto’s binne der net folle.
De tige nijsgjirrige facebook side “Voetbalfoto’s uit het verleden amateurvoetbal Friesland” pleatste ferline wike samar in foto fan SDS 2 doe’t se yn 1967 kampioen waarden.

Tongersdeitejûn kantine iepen

Sa as altiten is de kantine tongersdeitejûn wer iepen. Enne Bruinsma sil jim foarsjen fan hapkes en snapkes en op it grutte skerm kinne jim Olympique Marseille – Ajax sjen.

Ruurd Visser

Ofrûne sneon fuotballe âld-SDS’er Ruurd Visser by IJVC 1. Hy hie goed ûntholden fan syn tiid by SDS dat je Erik Haitsma net te fier komme litte moatte mei de bal. Erik krige dan ek in keekje en Ruurd in terjochte giele kaart.
Wy foenen noch 2 âlde nijsgjirrige foto’s fan Ruurd yn syn tiid by SDS:

De pupillen Ate Schaap en Anne-Klaas Bootsma woenen eartiids graach mei harren favoryt Ruurd Visser op de foto. Dy hie lykas harren 90 minuten gesellich op de bank sitten……
Sfearfoto's SDS-WPB – SDS
Doe’t Ruurd en syn broerke Jelle-Jan ea pupillen fan de wike wienen rûn Jelle-Jan it meast mei syn noas ticht. Hy fûn de tijgerbalsem sa stjonken.

Harsens derby (2209)

Hoppaté! No sit hy seker.