SDS-League: Lourens’ ‘Kale Batsaap’ pakt de wykpriis!

SDS 1- YVC 1 yn byld
26 november 2023
Weppers tiisdei 28-11-2023
28 november 2023

It is dizze wike Lourens van der Pol mei syn ‘Kale Batsaap’ dy’t de wykpriis pakt yn de SDS-League. Hy bliuwt Jan-Friso Bruinsma mei ‘Bergosso’ krekt 3 puntsjes foar.

Lourens krekt efkes sterker.

Boppeyn de list fan de SDS_League feroaret net folle. ‘FC Olé Olé’ fan Matthijs Postma stiet noch altiten boppe-oan en ‘FC Mislintat’ fan Seriette Strikwerda stiet hjir krekt ûnder.

In bysûnder seizoen foar Dirk Stegenga. Om mear kans te meitsjen op de prizen gie hy foar 3 teams. Mei ‘Zaterdag is de mooiste dag van de week’ en ‘De 3e Helft’ wurd it net folle. Dy steane beide by de ûnderte 7 teams. Alle eagen binne no dus rjocht op ‘De Twaalfde Man’. Dir pakte hjirmei al in wykpriis en mei 46 punten giet hy no fan it 14e nei it 8e plak en hy hat earder al in dielde wykpriis pakt. Om quitte te spyljen soe Dirk 4e wurde moatte.

De wepmaster sûnder bril stiet noch altiten lêst, mar Sietze Stoffelsma hat him mei ‘De Laatste Hoop’ yn de striid mongen om de reade lantearn. Mei mar 10 puntsjes dizze wike stiet hy no op it ien nei lêste plak. Noch krekt ien puntsje mear as de alderslechtste fan dizze hiele SDS-League.

 

SDS League 2023-2024 earste helte stand wike 9