SDS JO10-2 hat wille op Skylge
25 mei 2025Slotdei SDS-jeugd op sneon 7 juny. Jou dy no op!
27 mei 2025Lid fan fertsjinste
Bauke de Boer is sneon útroppen tot Lid fan fertsjinste fan SDS foar alles wat hy al dy jierren dien hat foar SDS.
Hy lit witte hjir tige wiis mei te wêzen.
Hy hat it dik fertsjinne!

Oan-/ôfmelde
Nije leden en leden dy’t stopje wolle moatte harren foar 15 juny oan- of ôfmelde. Dan kinne de nije teamyndielings mar wer makke wurde. Oan- en ôfmelde kin hjir.
Neikompetysje
Sneon mei SDS 1 foar de neikompetysje balje út tsjin sv Haulerwijk om 14.30 oere.
It hiele skema kinne jim hjirûnder fine:
Speelschema nacompetitie 3e klasse – 4e klasse Zaterdag
1e ronde – 31 mei 2025
A. SV Haulerwijk – SDS
B. FC Lewenborg – SJS
C. Trynwalden VC – DESZ
D. Omlandia – Lions ‘66
E. SC Franeker – Creil-Bant SSA
F. RWF – Holwierde
G. FC Assen – HFC ‘15
2e ronde – 7 juni 2025
H. FC Ulu Spor – Winnaar A
I. Corenos – Winnaar B
J. Foarut – Winnaar C
K. Hollandscheveld – Winnaar D
L. ONT – Winnaar E
M. DWP – Winnaar F
N. Niekerk – Winnaar G
O. Rijperkerk – Lycurgus
Finales – 14 juni 2025 (neutraal terrein)
• Winnaar H – Winnaar I
• Winnaar J – Winnaar K
• Winnaar L – Winnaar M
• Winnaar N – Winnaar O
Ofskie
Erik Haitsma naam sneon ôfskie by SDS 1 mei in prachtich spandoek fan him fan SDS 1.
It wie net it ienige wat hy mei syn ôfskie krige…..
Spitich genôch eindige der ek in ferdwaalde bal op de motorkap fan syn buske mei in flinke dûk as gefolch……

6 goals!
As sc Franeker 1 sneon punten lizze litten hie dan hie SDS 1 noch kans hân op in thúswedstriid yn de neikompetysje. Sy moasten thús tsjin DTD en doe ’t DTD al gau foarkaam like der efkes in ferrassing yn de loft te hingjen. Doe’t it 2-1 waard like de wedstriid spile en doe’t Wessel Roorda by sc Franeker der yn kaam hielendal. Hy makke as ynfaller mar leafst 6 goals yn 18 minuten en bepaalde einstân op 8-1. Wessel waard sa ek lyk topskoorder fan de 4e Klasse B mei 25 doelpunten.
Zweepslag (1)
Oer 2 wiken binne de festiviteiten rûn it 90 jierrich bestean fan vv Oosterlittens. Op freed 6 juny stiet der in wedstriid op it programma tusken de All-Stars fan VVO en âld-SDS. De earste âld alvetalspilers fan SDS 1 binne hjir al foar yn training. Ynmiddels is der ek al ien ôffallen. Henk Walda soe syn kondysje op peil bringe by it Efkes Baljen, mar foel lyk út mei in ‘zweepslag’. Wy winskje him betterskip!
Zweepslag (2)
It wie sneon efkes skrikken. De trainer fan SDS, Douwe Posthuma, liet krekt foar de wedstriid de besprekking oan him foarby gean en bleaun yn de dug-out sitten. Krekt foar de rêst gie Douwe al nei de boks mei in slakkengang om syn manskappen ta te sprekken. It like of hie hy de broek fol…….. It foel gelokkich mei. Hy hie freedtejûn by it 7×7-baljen fan Nijlân in zweepslag oprûn. Wy winskje him betterskip!
Donaasje
Ronny Wagenaar fan SDS 4 die snein mei it bedriuw mei oan de 4 mijl fan Snits. It bedriuw Kwant Controls donearret € 400 per dielnemer oan in goed doel of sportferiening yn Fryslân. Ronny wist dit te kombineren en hat trochjûn dat sy it jild nei SDS oermeitsje meie. Tige by tige dêr foar.
Deinum?
Klaas Visser hat net allinnich in ferline as fuotballer by SDS, mar ek by sf Deinum (doe noch Sparta Deinum). Doe’t hy sneon in bult bier helle krige hy de fraach as hy ek bier foar sf Deinum helle;
‘Allinnich foar Wichard Deinum’.
Slotdei SDS-jeugd
De slotdei fan de SDS-jeugd sil plakfine op sneon 7 juny. Letter hjoed mear der oer mei it ynskriuwformulier.

De nije Treffer
Alle kompetysjes sitte der hast op en dat betsjut dat wy wer dwaande kinne mei de einTreffer. It soe moai wêze as wy fan elk team in seizoenoersjoch krije. Jim meie dit maile nei DeTreffer@vv-sds.nl. Foar 6 juny soe moai wêze.

Harsens derby (2314)
Ho……..
The most obvious match-fixing you will ever see pic.twitter.com/S7jLKCC7Ku
— Dirty Footballer (@DirtyFootbaIIer) May 22, 2025


