Weppers moandei 24-3
24 maart 2014Digitaal wedstrydformulier ek foar D’s,C’s,B’s en A’s!
25 maart 2014Gjin trainen
SDS 1 traint vanavond niet.
Jaap de Blaauw
Programma sneon
Sneon in lyts programma mar foar F1 in grutte wedstriid. Sij sitte noch yn de beker en moatte sjen in ronde fierder te kommen yn de wedstriid tsjin Frisia F4. De wedstriid wurdt spile om 9.00 oere yn Ljouwert.
SDS D2 – FVC D2
In kalde, wiete dei wie it ofrune sneon. Mar gelokkich wiet it om 12.00 oere sa goed as droech. Dit wie ek de tiid dat us D2 it opnimme moast tsjin de D2 fan FVC ut Ljouwert. Nei de wat gelokkiche oerwinning fan forige wike tsjin Sint Anna, wie it fertrouwen grut. Grut wiene ek de spylers fan FVC. En dan ek noch de 1e helte tsjin de wyn yn fuotbalje. Hjirtroch hiene de mannen fan SDS it swier. Dochs stie it ferdedigend wol goed under lieding fan de sterk fuotbaljende Michael. Holpen troch de wyn, kaam FVC wat gelokkich op foarsprong; in mislearre skot sylde samar oer us keeper Jeffrey hinne. FVC wie sterker en kaam foar rest ek noch op 0 – 2. De twadde helte mei de wyn yn de rege, wie SDS de boppelizzende party. Mei striid, betiiden goed fuotbal en oanmoediche troch in soad publyk, gie SDS op syk nei de oanslutingstreffer. Der kamen kansen, mar we hiene hjoed it gelok net mei. Ut in kounter makke de snelle, grutte spits fan FVC de 0 – 3. Ek rekken we noch twa spilers kwyt troch blessures. It ferset wie brutsen en foar de statistieken waard it ek noch 0 – 4 en 0 – 5. In fertsjinne, mar te grutte oerwinning foar FVC. Fuotbaljend wiene we net minder, mar we ha it foaral ferlern op fysieke kreft. Mar ja, us jongens binne net grutter.
Nye wike is der in beker/ynhel programma, dus gjin kompetysje wedstryd.
We sille sjen at we nye wike efkes oefenje kinne tsjin us D1.
Theo.
Op frouljusfuotbal?
Wat Pieter en Jelmer betreft kinne sy sa op frouljusfuotbal:
Fan herte lokwinske!
Geert Dijkstra(dy fan dy iisklup) fan SDS 3 wie juster jierdei! Noch fan herte lokwinske!
Harsens derby(1237)
Wy sille nea wer klaaie oer minne fjilden: