Weppers tiisdei 24-9-2024

Stypje SDS mei RABO-Clubsupport oant en mei 24 septimber!
22 september 2024
SDS-League: Bote’s ‘FC Munnaps’ boppe-oan!
25 september 2024

Teamfoto’s

Wy binne elke wike wer wiis mei de nije teamfoto’s dyý wy krije. Hooplik krije wy dit seizoen wer ris alle teamfoto’s kompleet.

SDS JO8-1


Boppe: Folkert van der Werf, Yme, Jens, Jesse, Jimte en Henk Postma.
Op hurken: Tiemen, Feite, Tjerk, Kevin en Benn.

SDS JO10-3


Boppe: Jurre, Levi, Danian, Niels en Harm Dijkstra.
Op hurken: Tjitse, Lennert, Wout en Jesse.

Ferslach SDS 3 – Hielpen 2

Op de webside fan sv Hielpen is in wiidweidich ferslach te lêzen oer de wedtriid fan ôfrûne sneon fan SDS 3 – Hielpen 2. De Hylpster Henk Bootsma wie der ek. Sjoch hjir.

Wêr is WPB bleaun?

By SDS 4 sitte in pear jongens dy’t in skoft net fuotballe hawwe en sûnt ferline seizoen of dit seizoen wer fuotbaljen gien binne. Sy komme der somtiden efter dat net alle fuotbalklups mear te finen binne op de âlde lokaasje. Frank Rijpma moast sneon mei SDS 4 yn Snits op it Schuttersveld fuotbalje tsjin Waterpoort Boys, mar belle fanôf it kompleks fan LSC om te hearen wêr as it fjild fan WPB bleaun wie. Lokkich genôch skeelt it gjin kilkometers en koe Frank noch moai op tiid oanslúte by de rest fan de seleksje.

SDS-League

Moarn kinne jim hjir de nijste stân fan de SDS-League ferwachtsje. Rekkenje mar op in oer as 10.08 oere.

Kantine

Tongersdeitejûn is de kantine nei it trainen wer iepen. Gerwin Sijbesma sil elkenien foarsjen fan in hapke en in snapke. Miskien hat hy it grutte skerm ek wol oan. Dan kinne jim fan Ajax geniete yn de Europa League tsjin Besiktas as Ziggo dat ek goed fynt.

Harsens derby (2263)

Hie SDS 1 ôfrûne ferlern dan hie trainer Douwe Posthuma foar jûn al in straftraining yn de holle;