Weppers moandei 22-9
21 september 2008Weppers tongersdei 24-9
23 september 2008SDS League
Skriuw je no yn foar de SDS League. Hjir kinne jim der alles oer fine. Je team moat ynlevere wurde foar sneon 27 septimber om 19.00. Jim hawwe dus noch 4 dagen.
Leverje je team it leafst hjoed of moarn yn dan kinne wy fêst begjinne mei it ynfieren fan de teams yn de komputer en kinne wy it wykein lyk los.
Wy hawwe oan ’t no ta sa ’n 15 teams binnen, dus der moatte noch 85 komme……
SDS – Nijland-pool!
Yn gearwurking mei de wepmaster fan vv Nijland wolle wy graach in pooltsje opsette foar de derby fan sneon tusken SDS en Nijland. Mail ús de rêst- en einstân en wy binne benijd wa ’t der gelyk krije.
Om te begjinnen hawwe wy hjir de foarsizzing fan de keeper fan Nijlân, Marten van der Kamp. Hy tinkt dat Nijlân wint mei 1-0…………….
Mail ús jo foarsizzing! Mail nei info@vv-sds.nl.
Hoe sit dit?
Wij heare it jim al sizzen: it keatsen wie dochs dien. Jim ha gelyk, mar dizze foto hat Henk Bootsma makke en dat is foar ús gjin keatsfoto, mar in famyljefoto. Drees, Erik en Hilda
Bale
Ôfrûne sneon waard by SDS 4, troch Ivo en Pieter, Ids de Boer fan it fjild sjouwd mei in blessure oan de foet. hoe is it no mei him?
Ik bin hjoed toch mar efkes nei de dokter west, hy fertroude it net en stjoerde my nei de rontgenofdieling yn Snits. Út de foto’s die bliken dat ik ien fan de middenfoetsbonkjes brutsen ha. Ik sit no dus
mei de foet yn’t gips, nije wike komt der loopgips om. Al mei al sil it 4 wiken duorje foardat ik it wer kwyt bin. En dernei is’t ôfwachtsjen hoe snel at it oan fuotbaljen ta is.
Groeten Ids
Allegear nij
SDS 5 hat er sûnt koart in nij talint bij. Johnny Leistra fan Hartwert komt de rigen fersterken. It wie sneon foar him allegear nij. 16 nije spilers, dy’t allegear in namme hiene en in lieder dy’t fan alles fertelde oer húshâldike dingen (wannear binne de feessies). At Eddy oan de ein freget at er wol Frysk ferstiet, dan moat er it al twa kear freegje foardat Johnny it ferstiet: “Niet zo goed” wie it antwurd.
En bij al dy nije dingen moast er ek noch in foto komme:
…neffens ús is dy net goed slagge…..
It gehoar
Sneon fluite Jelle de Boer de wedstryd SDS 4 – Makkum 4. De tsjinstanner woe graach wikselje en liet dat lûd en dúdlik heare. Mar wa’t ek reagearde Jelle net.
In taskôgster wist it euvel: Syn gehoarapparaat leit noch op it nachtkastke”.
En dy taskôgster dy koe dat witte: dat wie Akke, Jelle syn frou.
Ferslach SDS 4
Ek fan SDS 4 krigen wij noch in ferslach. Dat wie al yn de tredde helte. It wiene wat oantekeningen wat in ferslach wurde moast. Mar gemak tsjinnet de minsk. In oantekenferslach.
Slagge
By ONT is it fan ‘e wike feest. Sy iepenje namelijk harren kuenstgersfjild. It feest start fannejûn mei in oefenwedstryd tusken ONT 1 en Harkemase Boys 1. Dizze wedstryd is al fan te foaren slagge, want net ien minder as de meast besprutsen skiedsrjochter op dit momint, Eric Braamhaar, fluitet de wedstryd. Sjoch hjir foar it folledige programma fan de feestwike hjir.
SDS 3 op de foto
SDS 3 is sneon ek op de foto kommen. Sponser Jelle de Jong stiet der net op. Hy docht oars ek net mei hear.
Voetbalhumor(2)
En nee, net thús probearje………….