Weppers tiisdei 22-10-2024

Al foar 10 euries nei sc Heerenveen – Go Ahead Eagles
21 oktober 2024
SDS-League: ‘Brouwer-Power’ pakt wer ris in wykpriis!
23 oktober 2024

Pupillen fan de wike

De pupillen fan de wike, Edse Schaap en Bauke Poelsma, mochten sneon, foar de wedstriid SDS 1 – Irnsum 1, allinnich op de keeper fan Irnsum ôf:

Wedstrydanalyse

De wedstriid SDS 1 – Irnsum 1 is hielendal opnaam mei in kamera en trainer Douwe Posthuma hat syn analyse klear. Hy sil tongersdeitejûn de bylden en syn analyse mei de spilers fan SDS 1  diele.

Teamfoto’s

Wy hawwe al hiel wat teamfoto’s, mar misse ek noch in hiel protsje.
Sa sykje wy noch nei de teamfoto’s fan:
SDS 2
SDS 3
SDS 4
SDS Vr.1 7×7
SDS manlju 7×7 1
SDS manlju 7×7 2
SDS JO14-1
SDS JO13-1
SDS JO12-1
SDS JO9-2
Stjoer se sa gau as jim iinne mei de nammen nei willem@vv-sds.nl of aant@vv-sds.nl!

ST. SDS-Nijland  JO17-1 út de kompetysje

De JO17-1 begie al dreech oan dit seizoen mei 11 man en moatte nei 5 wiken spitich genôch de stekker der út lûke. Sy hawwe te min spilers en binne út de kompetysje helle.

Oefenpotsje

Wa ’t jûn in leuk oefenpotsje sjen wol kin terjochte yn Nijlân. Dêr spilet sc Cambuur JO16 om 19.00 oere tsjin fc Emmen JO16.

SDS-League

As alles meisit dan komme wy yn de rin fan woansdei mei de nijste stân fan de SDS-League.

Kantine

Kommende tongersdei op’e nij feest yn de kantine nei it trainen, want Inne Heerma hat bartsjinst.

sc Heerenveen – Sparta

Sneon spilet sc Heerenveen thús tsjin Sparta. Hjir kinst noch altiten foar 10 euries hinne. Sjoch hjir.

Harsens derby (2271)

Efkes efter de oare foet del 😉