Weppers moandei 19-12
18 december 2011Weppers woansdei 21-12
20 december 2011Jierdei
Bote Altenburg wurdt hjoed 11 jier. Hij spilet yn D3. Fan herte lokwinske
Taskôger
Sander Hazewindus (E1) is neffens ús hast jierdei en hij mocht foar syn feessie nei in sportevenemint ta. Lekker ûnderút mei wat freonen en in stik as wat freondinnen. At jim witte wol wêr’t hij wie. klik dan op de foto.
Serious Request
Ek yn Fryslân wurdt der fan alles betocht om jild te garjen foar SR11. Sa hat de Praat mar Frysk side in ferkeap bij opbod. Hjoed wurdt der in moaie Fryske fyts oanbean en justerjûn wie it heechste bod fan
Wij binne benijd at wij Tjerk, Hendrik of miskien wol Durk hjir aansens op fytsen sjogge.
Wolkom
Wij hjitte Wiepkje, Robert en Berber fan herte wolkom yn Wommels. Tiidlik wenje sij oan “de grutste tún” en net al te fier fan in barke.
It doel is dat sij dat wenjen yn Wommels beheine ta in moanne as 3. Dan geane werom nei in oar hús yn Easterein.
PSV-ers melde harren ek wer
Al 5 moanne neat heard fan ús PSV fans en samar ynienen litte se wat fan harren heare:
Wervelend PSV nadert AZ tot op één punt:
Met een wervelend optreden tegen sc Heerenveen heeft PSV op de laatste speelronde voor de winterstop bijzonder goede zaken gedaan in de Eredivisie. (stond een mooi stukje op voetbalprimeur!!)
Groeten Gert Jan, Jan Simon en Harm Auke
Harsens derby (639)
Soe dit Tom & Pieter harren 4e plakje koste yn de SDS League? Hooplik witte wy it tongersdei.