Irnsum 1 – SDS 1 yn byld
17 maart 2025Bal yn de beam
By Irnsum 1 – SDS 1 bedarre de bal sneon mar leafst twa kear fêst yn in beam. Om trainer Douwe Posthuma hie der wol wat oars de beam yn kinnen……..
Foto’s fan Henk Bootsma
SDS’ers der op út
It koe wol yn it waar sitte, want de ien nei de oare SDS’er giet der op it stuit op út. Dit kear is Dirk de Jong mei Chris Hoekstra nei leafst twa wedstriden yn de Serie A west. Sy gienen earst nei AC Milan – Como (2-1) en de folgende deis nei Atalanta Bergamo – Inter (0-2).
De Hollandse 100
De lieder fan SDS 2, Allert Turksma, sil snein meidwaan oan de Hollandse 100. Hjirby mei hy 10 km reedride en 90 km fytse. Hy siket noch stipers om sa jild te generearen foar mear ûndersyk nei bettere behannelingen by lymfklierkanker. Jim kinne hjir stypje.
Yn de nije Treffer mear oer Allert syn aventoer.
SDS-League
As alles wat meisit dan komme wy jûn om in oer as 19.12 oere mei de nijste stân fan de SDS-League.
Ynhelje
Justerjûn mocht SDS/Nijland JO11-2 ynhelje tsjin TOP’63 JO11-1. It bliuwt dochs spesjaal sa’n jûnswedstriid. Wy krigen in ferslach fan Jappie de Boer:
Vanavond mochten we het opnemen tegen TOP 63 JO11 – 1.
Nadat onze grootste concurrent SWZ JO11 – 2 zaterdag punten had gemorst lonkt het kampioenschap.
Met nog twee wedstrijden voor de boeg hadden we drie punten voorsprong en een positief doelsaldo van plus 21 tov de concurrentie.
Alle ingrediënten dus om vandaag voor de overwinning te strijden zou je denken.
Maar het kan ook verlammend werken en dat was vandaag het geval. TOP speelde ook een hele goede wedstrijd maar zelf waren we heel erg slordig.
In de eerste helft hadden we zoveel schietkansen, maar ze moeten wel tussen de palen. En als je zelf niet scoort gast een oude voetbalwet in werking.
Al met al een moeilijke eerste helft die eindigde in 2-2.
In de pauze werd er geprobeerd de puntjes op de i te zetten, maar dat slaagde niet echt.
Pas in het laatste kwartier maakten we nog drie goals, maar daarvoor had TOP 63 de wedstrijd kunnen doen kantelen.
Gelukkig was daar onze nieuwe keeper Gio die goed redding bracht.
Al met al een overwinning die heel zwaar bevochten was. Een mindere wedstrijd toch winnen is ook wel eens lekker.
Zaterdag spelen we in Nijland tegen Sneek Wit Zwart JO11-2 die de laatste weken wat punten hebben verloren. Zij leken onze grootste concurrent maar zijn afgehaakt in de titelstrijd.
Zaterdag gaan we proberen het kampioenschap binnen te halen. Dan moet het beter als vandaag maar daar hebben we alle vertrouwen in.
Jappie de Boer
Kantine
Tongersdeitejûn is fanôf in oer as 20.23 oere de kantine wer iepen. Wiebe Heeres sil elkenien foarsjen fan hapkes en snapkes.
De nije Treffer
Wy binne drok dwaande mei de nije Treffer. Mochten jim noch nijsgjirricheden of oars wat te melden hawwe dan meie jim dat wol trochjaan oan DeTreffer@vv-sds.nl of Willem efkes oan it hier lûke.
SDS-jeugd stypje
As je de SDS-jeugd no stypje wolle foar de Kidsrun by sc Heerenveen en se binne noch net by je oan de doar west dan kinne je dat hjir ek dwaan.
Harsens derby (2303)
In klassiker!
COVID football provided some incredible moments pic.twitter.com/IWlxNMAgna
— Dirty Footballer (@DirtyFootbaIIer) March 17, 2025
Letter miskien wol mear!