Weppers tiisdei 18-2-2025

Sneon 1 maart yn de bus nei Makkum
16 februari 2025
SDS-League: ‘FC Munnaps’ pakt de wykpriis!
20 februari 2025

Oefenje

SDS 1 soe kommende sneon om 14.30 oere thús oefenje tsjin Sleat 1, mar de wedstriid is fersetten nei tiisdei 25 febrewaris om 20.15 oere. Sleat hat foar kommende sneon net genôch spilers.

SDS’ers der op út!

Guon SDS’ers binne te skiën of nei júst nei in waarm lân. Enne en Steffen Bruinsma sochten wat leukers út. Sy gienen nei Liverpool – Wolverhampton Wanderers. Liverpool wûn mei 2-1 en it wie tige de muoite wurdich op The Kop;
Sa’t Enne sei; ‘Fans klappen en schreeuwen even hard bij een goede verdedigende aktie als bij een doelpunt op The Kop’.

 

SDS’ers by sc Cambuur

Mika de Jong mocht ferline wike mei syn teamke by sc Cambuur yn it âlde stadion fan sc Cambuur traine. De soan fan âld-SDS’er Tsjalling Sikma die ek mei.
Nei de training spruts haadtrainer fan sc Cambuur 1, Henk de Jong, de mannen noch efkes ta.

De nije SDS-League

Wy binne drok dwaande om alle teams foar de nije SDS-League yn te fieren yn de kompjoeter en de punten fan ôfrûne wykein te ferwurkjen. Rekkenje der mar op dat wy tongersdei mei de earste stân komme.

Kantine

Tongersdei is de kantine ek wer iepen nei it trainen. Tim Sweering sil elkenien foarsjen fan in hapke en in snapke.

Harsens derby (2295)

Toet, toet!