Weppers tiisdei 17-9

Ferry Duipmans is stoarn
16 september 2013
Jeugd technyktraining
17 september 2013

Dooitze is der net
Tongersdei moate jimme mar nei Ant, at der strutsen wurde moat, want ik haw kursus.

Dooitze Nauta

Traine
De froulju fan SDS Vr.1 begjinne moarn wer te trainen. Sy traine fanôf 19.00 û.l.f. Bram van Beem.

Besúnigje
By it Frysk Deiblêd wurdt op it heden miskien krekt efkes te bot besúnige op de sportferslachjouwing. De FD-ferslachjouwer is ôfrûne sneon dêrom blykber krekt te betiid fuortgien by TOP 1 – SDS 1, want yn it FD fan juster stiet dat de wedstryd yn 0-0 eindige is. Ek yn de stân hat SDS 1 noch mar ien puntsje…………..
It wie fansels 2-0 foar SDS 1 en SDS hat no 3 punten.

Ynwurkje
Gerlof-Jan Hofstra stie stean efter de bar yn de kantine en waard ynwurke troch Harm Bergsma. Te begjinnen mei les 1 fansels: lollys te plak sette:

“Wol kleur by kleur fansels……”

Tiki-taka
As de bern net sliepe kinne dan hoefe sy fanôf no gjin skiepkes mear te tellen, mar kinne sy better telle hoe faaks de bal fan de ien nei de oar giet tusken in boskje Barcelonezen. Sjoch hjir.

Harsens derby(1114)
100 miljoen euries koste is gjin probleem, mar dan is it net de bedoeling om Cristiano Ronaldo ek nochris te poorten fansels;