Sneon 13-12-2025
12 december 2025Oefenje
SDS 1 sil jûn noch oefenje út tsjin 3e-Klasser Wolvega 1 en dêrnei hawwe sy dan echt winterstop.
Dizze seleksje sil jûn te oefenjen. De wedstriid begjint om 20.00 oere:
Jan Peter
Jelte-Pieter
Remco
Gerwin
Tim
Robin
Matthijs
Jelmer
Wiebe
Ate
Kees
Sietze
Niels
Wiebren
Daniel
SDS’ers op de foto
SDS 1 hoefde net te fuotbaljen en doch steane der op moandei SDS’ers yn de sportbylage fan de Ljouwert Krante (www.LC.nl).
Op de foto herkenne wy fan links nei rjochts op de efterhollen; Dirk Stegenga, Inne Heerma, Lourens van der Pol, Wiebe Heeres, Lysanne Wiersma en Jacob-Klaas Haitsma.

OFK
SDS/Nijland JO19-1 docht mei oan it OFK yn Frjentsjer. De poule sjocht der sa út:
Poule 13:
SC Stiens 2
Heerenveense Boys JO19-1
SDS/Nijland JO19-1
Golden Oldies 1
Broekster Boys 1
Haskerland 2
De foarronde is op moandei 5 jannewaris.
SDS-League
As alles meisit dan kinne jim hjir moarn de nijste stân fan de SDS-League besjen. It wurdt spannend, want nei kommend wykein wurdt de einstân opmakke.

Sparje foar SDS
Hawwe jim dizze app al delhelle?
Troch bygelyks by de Jumbo te boadskipjen kinne je dêrmei jild foar SDS sparje.

Kryst-Treffer
Efter de skermen wurkje wy hird oan de Kryst-Treffer. As alles meisit dan is hy rûn de kryst klear.

SDS-Look-a-likes
Foar de nije Treffer, sykje wy noch wat SDS Look-a-likes.
Fine jim in SDS’er op in fuotballer, in bekende Nederlanner, in Dútser, in blomkoal, Rob Jetten, Dua Lipa of oars ien of wat lykjen mail ús dan in foto. It leafst efkes mei de foto op wa ‘t jim degene lykjen fine. Wy binne hiel benijd.
Mail jim SDS-Look-a-like nei Willem@vv-sds.nl.
Harsens derby (2353)
Ho!
Oiii Jail him for life
— e (@Lfc_samie) December 13, 2025

