YVC 1 – SDS 1 yn byld
13 oktober 2024Foar 10 euries nei sc Heerenveen – Sparta
17 oktober 2024Save the date!
Helga Develing
Rabo-ClubSupport
De Rabo-ClubSupport-aksje hat foar SDS mar leafst € 787,54 opbrocht. Tige by tige!
SDS JO9-1
Sneon wer in prachtige teamfoto krigen. Dit kear fan SDS JO9-1. Is it net in plaatsje?
Steand: Jildert,, Niels, Ytsen, Jay, Jorn
Midden: Nanne
Lizzend: Idsert, Luc, Siem
Lieders/trainers Tsjipke, Jeroen en Willem
Werom fan nea fuort west
Eeltsje Bootsma wie foar de simmer stoppe mei it fuotbaljen op sneon en gie foar in keatskarriëre en fuotbaljen by de 7×7. Lokkich begiet it by him alwer te kribeljen en makke hy ôfrûne sneon syn rentree by SDS 2. Hooplik smakke dit goed en sjogge wy him faker op sneon.
Coachjassen
Freedtejûn fan ôf 18.30 oere oant 20.30 oere en sneontemoarn fanôf 9 oere oan 11.45 oere , yn it ballenhok, kinne de coachjassen wer ophelle wurde troch de coaches fan SDS-teams.
Kinst dan net , nim dan efkes kontakt op mei Bauke de Boer 0629892380.
Kantine
Tongersdeitejûn is nei it traine de kantine wer iepen. Ferline wike wie de barkeeper it fergetten, mar no stiet Sietze Stoffelsma efter de bar, dus komt it fêst goed.
Foppe
Foppe de Haan komt sneon 16 novimber yn Wjelsryp. De tagong is €10,-. It is foar it Foppe-Fonds. Ald-SDS-trainer Lykle Bleekveld organiseard dit mei. Wa’t der hinne wol mei wol efkes maile nei willem@vv-sds.nl en dan krijst it nûmer fan Lykle wol efkes om kaartsjes te bestellen.
De nije Treffer
Wy binne noch drok dwaande mei de nije Treffer. As it meisit dan leit der ein nije wike by jim troch de bus.
Adreswizigingen
Mochten je ferhúze wêze dan soe it wol moai wêze as je dit efkes trochjouwe oan Catharina Postma fan de ledenadministraasje fia Ledenadministraasje@vv-sds.nl . Dan binne je der wis fan dat je in Treffer krije.
Harsens derby (2269)
Somtiden wol de bal der mar net yn……….
This was like watching a real life FIFA glitch pic.twitter.com/qmj5royswW
— Dirty Footballer (@DirtyFootbaIIer) October 14, 2024