Weppers tiisdei 13-9

Weppers moandei 12-9
11 september 2011
Weppers woansdei 14-9
13 september 2011

In jonkje!
Tineke Meijer en Robert Hoekstra hawwe ein ferline wike in jonkje krigen. Hy hjit Mark. Fan herte lokwinske! Ek pake Tinus, beppe Tiny, pake Keimpe en beppe Hiekje fansels.

SDS B1
Dizze wike is der yn Easterein noch ien wedstryd troch de wike. B1 mei it woansdei opnimme tsjin SC Franeker B2. It begjint om 18.30 oere yn Easterein. De B-junioaren wurde om 17.45 yn de boks ferwachte.

Grutte klupaksje

Sa as sommigen ôfrûne sneon al wol murken ha, binne de Grote Club Actie lotten der wer.
We geane der fan út dat de spilers fan it 1ste, 2e, 3e, 4e , 5e , A1, B1, Da1 en Da2 elk 2 lotten keapje. 2 lotten kostje € 6 en elk is frij om se wer troch te ferkeapjen. De kommende wiken kom ik dus by jim lâns, of jim sprekke my efkes oan. Dit alles foar de pot fan SDS!!!
Dus net stinne, mar nimme.
Bvd.
Gr. Immie

SDS League
Mar moai dat it juster sok min waar wie. It wie namelijk skitterend waar om de 78 teams fan de SDS League yn te fieren yn de kompjoeter. De kompjoeter is no noch efkes oan it rekkenjen en as it goed is dan rollet der tongersdeitejûn yn de kantine de nijste stân út. Wy binne benijd.

Alde feinten
Neist de Jongfeintepartij is der ek in Aldfeinteklup yn Easterein. Sij hawwe op 2 oktober harren jierlikse aktiviteit. Neist bierdrinken sil der ek follybalt, klaverjast en BH-smiten wurde.

Hurddravers
Dit wykein wie der wer in hurddraafwedstriid earne yn de provinsje. En wij binne altyd benijd at der ek SDS-ers tiden delsette. Yn Burgum seagen wij Gerlof Veldstra de 16,1 kilometer yn 1.16.05 draven en Geartsje Klaversma de 5 kilometer yn 33.45.

Klaverjasse
Tongersdei is it de tredde tongersdei fan de moanne en dat betsjut klaverjasse yn de kantine. Om 19.30 oere wurde de kaarters ferwachte.

Standen
De útslaggen en standen fan en nei dit wykein binne bekend. Sjoch
hjir.

Hotel Titus
No ’t ien fan de wepmasters dit seizoen net sealfuotballet hat hy mear tiid foar oare dingen. Sa sil hy no woansdei ynstee fan te sealfuotbaljen mei de frou nei The Specials yn Paradiso. Om dochs in bytsje yn sealfuotbalsferen te bliuwen sliepe sy yn Amsterdam yn Hotel Titus.

Greidhoek’ Festival
Wy tinke dat de fuotbalkantine kommende sneon wol betiid slúte kin. Om 19.00 begjint namelijk it Greidhoek’ Festival op it swimbadterrein yn Wommels. Guon SDS’er is hjir frijwilliger en oan it programma te sjen sille der fêst ek genôch musykleafhawwers fan SDS it paad nei it swimbad wol fine kinne (klik
hjir). De foarferkeap (yn de Jimbar) is ynmiddels yn folle gang, mar by de kassa binne der sneon ek noch wol kaarten te krijen.

Harsens derby (564)
Dy knikt der knap binnen……………..