Weppers moandei 10-3
9 maart 2014Weppers woansdei 12-3
11 maart 2014Skjinmeitsje
De man fan de reklamebuorden op de Skoalleseize Ype Tiemsrsma hie ferline in skjinmakputsje. Hij socht net de maklikste wei om dat foar elkoar te krijen.
De besten
Dizze foto is snein makke tidens it âldelullentoernooi. Dizze mannen kamen út foar Boazum. Boazum jaseker, sij hawwe allegear in relaasje mei Boazum, de iene hat er wolris ien of mear romers leech dronken, ien hat der wol ris wat yn it lân omhekkele, ien hat dêr wolris in satellyt pleatst, ien hat er wolris efter de froulju oansitten, ien hat er wolris in ljipaai fûn, ien hat er wolris wat printwurk besoarge, ien hat al 20 kear op de Nacht fan Boazum west en is altyd mei skjinne skuon thúskaam en ien hat der wolris in auto ferkocht.
Sij wiene snein fierwei de besten. En neffens de rekkenmasters fan dit team hawwe sij wûn. Wij soene sizze fan herte lokwinske ek út namme fan de organisaasje.
Stoffel
Juster is Stoffel begroeven yn Hartwerd. Wy sille him misse! Aant hat it hjir prachtich beskreaun(klik hjir).
Bygeloof
By Cardiff City hawwe sy in eigner dy ’t wat bygelovich is. Sa spile Cardiff altiten yn it blau, mar moast no yn it read en hat hy it leafst spilers mei in acht yn de bertedatum. Maarten de Jong is neffens ús ek wat bygelovich. Sa spile hy sneon by SDS 2 mei syn favorite band de 3J’s efteryn: Jort, Jelte-Pieter en Jesse. Ek hat hy blykber wat mei fleantúgen, want de as wie fansels de JSF(Jort, Sjoerd van Beem en Feite). Wy binne benijd wêr ’t hy sneon mei komt.
Alderaardichst
Harsens derby(1227)
Hjir de bleate blanke Usain Bolt op in fuotbalfjild yn Eastenryk. Yn it Ingelsk neame sy soks in “streaker”, yn it Dúts “ein Flitzer”, mar wa wit der in kreas Frysk wurd foar?