Weppers tiisdei 11-11

Weppers moandei 10-11
9 november 2008
Weppers woansdei 12-11
11 november 2008

Giet it trainen troch?
Der kin jûn net traint wurde op de fjilden fan de Skoalleseize.

De seal yn

SDS 1 traint moarntejûn om 20.30 oere yn ‘e seal. Eltsenien wurdt om 20.15 oere ferwachte.
Dick Schuurman

Fan herte lokwinske!!
Pieter Sytsma, Anco Elgersma en Arjen van Putten binne hjoed alle 3 jierdei. Fan herte lokwinske!!

Foto’s dames
Fan de wedstryd fan ôfrûne sneon tusken de froulju fan SDS en dy fan Harlingen krigen wy in bult foto’s fan Marije Hiemstra. Troch komputerproblemen by ien fan de wepmasters steane se hjir noch net op de side. Wy hoopje dat de problemen hjoed oplost wurde sadat de foto’s der jûn op steane.

Komputerproblemen
In bult SDS’ers hawwe komputerproblemen. Wierskynlik hawwe sy te meitsjen mei
dit probleem. Spitich dat se dit no net lêze kinne……

Luctor et Emergo
It ferslach fan SDS 3 fan Sjoerd van Beem is ek “boppe wetter”. Wy hoopje dat de folgende stikjes fan Sjoerd wer wat better nijs bringe(klik
hjir).

Oefenje
Folgende wike sneon is der in beker- en ynhelprogramma. Dit betekent dat SDS 1 en 2 oefenje kinne. SDS 1 sil om 14.30 oefenje tsjin BCV 1 en SDS 2 om deselde tiid tsjin Balk 2.

SDS League
De nijste stân fan de SDS League kinne jim hjir moarntejûn ferwachtsje.

Wêr wie Aant? 
Ik miste Aant op de foto’s fan Rûnom Easterein…Of hat de fotograaf de lisfyts oer de holle sjoen??
Dick
Ek wy hawwe gjin flagje op de foto’s ûntdekke kinnen. Wy tinke dat Aant doe ’t de fotograaf kaam al lang binnen wie…………………..efter syn (doe noch net stikkene) komputer (en dêrnei as de bliksem nei it Dielshûs gien is).

Hobbelkar
Yn de foarige Treffer stie in alderaardichst stikje fan Skelte Anema oer in metafoor mei in bolderkarre. Stijn Vreven hearde dit ferhaal jierren lyn ek alris by Vitesse. Hy wie dêr doe net sa oer te sprekken: “Gingen ze ons vandaag zo’n metafoor vertellen. Over die kar. Dat er spelers op zitten en dat er spelers duwen enzovoorts. Nou bij Vitesse hebben we een hobbelkar. Ik loop ervoor en ik duw erachter en de meeste spelers zitten erop want tachtig procent van de voetballers zijn eikels”. 

Sollied
Sollied makket tot no net folle yndruk mei SC Heerenveen yn Europa. Hy ferlear ûnder oare fan AC Milan. Mei syn foarige klup (Club Brugge) wist hy wol fan dizze ploech te winnen, troch een prachtig doelpunt fan Mendoza… 
mvg. Jildert



Letter miskien mear!