Weppers tiisdei 1-10-2024

Sneon 28-9-2024
27 september 2024
SDS-League: Dirks ‘Twaalfde Man’ pakt op ‘e nij wykpriis en de kop!
2 oktober 2024

Ynhel: SDS 2 – Flevo Boys 3

SDS 2 mei jûn om 19.30 oere thús balje tsjin Flevo Boys 3. Jim binne allegear fan herte wolkom op it sportpark.
Om 18.30 oere wurde dizze mannen ferwachte:
1. Anne
2. ⁠Arjen
3. ⁠Bauke
4. ⁠Ewout
5. ⁠Jesse
6. Jurjen
7. ⁠Lieuwe
8. Tjitse
9. Tom
10. ⁠Wessel S
11. ⁠Wessel W
12. ⁠Wout
13. ⁠Sjirk
14. Jelmer
15. Mark
Der is keazen foar deselde seleksje as tsjin Skearnegoutum. De oare spilers fan’e seleksje binne fansels ek wolkom.
Allert, Bote en Marco

Ferslach SDS 2 – Flevo Boys 3

De wedstriid waard yn de rêst staakt om’t der hobbels op it fjild kamen troch al it wetter. SDS stie mei 1-0 foar.

SDS JO11-1

Wy krigen wer in kreaze teamfoto binnen. Dit kear fan Ewout de Boer fan SDS JO11-1. Is it net in plaatsje?

Steand: Ewout de Boer, Bouke Doornbos, Evert Jelle de Jong, Sverre van der Meer, Thys Strikwerda, Redmar de Boer, Brend Toering en Jacob-Sjirk Joustra.
Op hurken: Javey-Jax Koster, Thomas Giesing, Pelle Lodde, Harmen-Jacob Joustra,
En hielendal efter stiet noch fêste supporter Tamme de Boer.

SDS-ledengearkomst

De ledengearkomst sil wêze op tongersdei 7 novimber om 20.30 oere. Alle SDS’ers binne fan herte wolkom. Sjoch hjir foar de aginda.

SDS-League

Moarn kinne jim hjir de nijste stân fan de SDS-League ferwachtsje. Rekkenje mar op in oer as 10.08 oere.

Kantine

Tongersdeitejûn is de kantine nei it trainen wer iepen. Anne Stenekes sil elkenien foarsjen fan in hapke en in snapke.

‘Ik tink fiif……….

Harsens derby (2265)

Somtiden slagget alles.