Weppers sneon 26-7

Weppers freed 25-7
24 juli 2008
Weppers moandei 29-7
27 juli 2008

Bekerje
It hat efkes duorre, mar it bekerprogramma fan SDS 5 is ek bekind. De feteranen meie op 23 augustus om 16.30 oantrede tsjin VVI. Thús.

5 SDS-ers op PC
Fan de 54 keatsers dy’t mei dogge oan de PC, binne der 5 lid fan SDS. Gerrit Flisijn, Jacob Klaas Haitsma, Feiko Broersma en Erik Haitsma diene al earder mei. Jelte Piter Dijkstra is in debutant.

Skûtsjesilen
Ek meardere klaaikluten fan SDS wiene freed bij it skûtsjesilen op it starteilân. At je dêr dan oan de kant steane dan hawwe je foaral argewaasje oer dy ferfelende boaten dy’t der foarlâns farre. At it dan ek noch bekinden binne, dan hawwe je oan de wâl gjin libben mear. Nee. Remco dat wie net sa leuk om ús oan te roppen.

Hichtefrees
Yn in attraksjepark as Slagharen komme je in bult Feyenoord-supporters tsjin. De kans dat je spilers fan Feyenoord tsjinkomme is lyts. Sy binne net sa wei fan achtbanen en “spaceshots”. De ôfrûne wike wie de seleksje fan Feyenoord te abseilen. De heren fuotballers binne net sokke helden. Danny Buijs sei; “Ik krijg al een hartaanval als ik op een flat sta”. Patrick Lodewijks hat it noch slimmer; “ik word al draaierig als ik in een diep bord soep kijk”……..

65
De Rolling Stones fans (en dus de Feyenoord fans) hawwe hjoed wer wat te fieren. Harren frontman wurdt hjoed 65 jier.
In klipke fan harren kin dan net útbliuwe.