SDS 1 bliuwt yn de 2e-Klasse!
1 juni 2012Weppers snein 3-6
3 juni 2012SDS E2 Kampioen!!!
En succes mei jim fierdere foutbal carrieere by SDS
Auke
P.s. Moarn komme de foto’s
Toernoai
SDS D1 waard woansdeitejûn let noch útnoege om hjoed mei te dwaan oan it jeugdtoernoai fan Sneek/Wit-Zwart. Fansels wienen de mannen enthousiast en meie sy hjoed noch efkes lekker fuotbalje. Der dogge mar leafst 25 teams mei en it duorret fan 9.30 oan ’t 16.00.
Neikompetysje
Der is hjoed noch in neikompetysjewedstryd om in plakje yn de 2e-Klasse. Om 14.30 spylje yn Snits de Waterpoort Boys tsjin Minnertsgea. De earste wedstryd eindige yn 1-1.
Súksessen
Inkelde âld-SDS’ers hawwe dit seizoen in feestje boue kinnen. Sa waard Arnoud Koster kampioen yn de 4e-Klasse mei TOP’63 en Dick Schuurman waard kampioen mei VV Heerenveen yn de 4e-Klasse sneins. Foarige wike promofearde VV Dronryp mei de âld-SDS’ers Tsjalling Sikma en Jacob Tymersma fia de neikompetysje nei de 3e-Klasse. Noch fan herte lokwinske!
De 3 J’s
Jan van Asselt, Jan Rispens en Jelle de Boer binne juster nei Makkum ta rûn om de wedstryd tusken SDS 1 en Makkum te sjen. Lokkich foar harren wûn SDS, want oars hienen sy weromreis wer rinne moatten.
SDS-klean bestelle
Volgende week gaat er een bestelling uit van SDS naar MUTA voor het leveren van SDS kleding.
In de laatste Treffer staat een advertentie waarin een actie staat, net zoals vorig jaar, waar je bij een bestelling van een trainingspak en een grote tas een paar SDS sokken er GRATIS bij krijgt.
Wellicht iets voor jou?
Uiteraard kun je ook iets anders bestellen.
Klik hier om je bestelling te plaatsen.
Groeten,
Douwe D. Reitsma
Voorzitter SDS
SDS EK-League
De earste 28 oanmeldingen foar de EK pool fan SDS binne binnen, mar dat is noch neat. Us rie is lûk efkes in kertierke út om him yn te fullen. Jim kinne hjir sjen wêr’t jim dat dwaan kinne en hoe.
Sitten bleaun?
It wie juster dreech om Peppi & Kokki út te lizzen hoe ’t it no siet mei SDS 1 en Makkum 1. “SDS hat wûn, dus no geane sy nei de 1e-Klasse?””Nee, Makkum siet yn de 3e-Klasse en SDS yn de 2e-Klasse en SDS is no net degradeard en bliuwt yn de 2e-Klasse”.
“Oh, dus SDS is eins gewoan sitten bleaun…………”
Harsens derby (775)
“Komt dat schóóóóóóóóóóóóóóóóóóóóóóóóóót!”