Weppers freed 11-7
10 juli 2008Weppers snein 13-7
12 juli 2008Jaloers
De reis fan Jan Stenekes mei syn gesin is noch net iens begûn of wij binne al jaloersk. De tarissingen fan Jan en it foarútsicht wurde troch Jan omskreaun dat wij it psychysk dreech hawwe(klik hjir).
Keunstke
At jim tochten dat Stoffel allinne mar op haskes, einen, wylde bargen en herten jaait om se op te iten dan hawwe jim it mis.
Stoffel BV is in nij en jong bedriuw dat him hielendal rjochtet op jim winsken. Hij hat krekt in tige bysûndere hazze ôflevere, dy’t in spesjaal keunstke kin.
Dus mochten jim in ein wolle dy’t jim skuon poetse kin, in hert dy jassen op de kapstok hingje kin of in wylde baarch dy’t de barbekjoe oanset, jou it op bij Stoffel.
Stiif as in planke
Dat de doeltsjes yn Wommels echt te lyts binne, die tongersdei wol hiel dúdlik bliken. Om njoggen oere waard der ropt fan ” it winnende doelpunt” en it wie healwei tsien oere dat dy foel, mei as gefolch dat elkenien, mei troch it lange gers, deawurch wie en Aant juster sa stiif as in planke wie.
Skout?
Tongersdeitejûn by it WK wie der sels in flagger. Hy hie dan wol gjin flagge by him, mar hy wie der wol. Wy binne benijd wêr ’t Daan no oplette no ’t hy net op bûtenspul hoefde te letten. Wy tinke dat Daan troch Eddy en Stoffel foarútstjoerd is om Aant en nije oanwinst Jappie Wijnia yn de gaten te hâlden as sy harren wol oan it simmerprogramma hâlde wat Eddy en Stoffel foar de 35+ makke hawwe?
Broer Wiebe
En dêr stie hij dan dochs mar yn it doel fan it regio team Gaasterlân tsjin sc Hearrenfean. Broer Wiebe de Ringh, earder in seizoen doelman fan SDS. Hij mocht de twadde helte it doel ferdigenje en die dat prima. Twa kear waard hij passeard û.o. troch Paulo Henrique. It Fean spile in tige matige wedstryd, mei in einstân fan 5 (of 6) – 0. Wij wiene der net allinne want wiene in protte minsken en foar de thúsbliuwers: Omrop Fryslân hat in t.v. ferslach makke en hjir is al in gearfetting
Programma
De kompetysje-yndielingen foar de amateurs binne noch lang net klear. Heechstwierkynlik komt dit troch it drege gedoch yn it betelle fuotbal. It eraste kompetysjeprogramma fan de KNVB waard ôfkeurd troch in boargemaster om ’t AZ – Feyenoord op woansdeitejûn plakfine soe. Sjoch hjir om te sjen as it programma no better wurden is. De Heerenveensupporters kinne sneons yn elts gefal al wat langer yn de kantine bliuwe. Der is net in thúswedstryd fan SC Heerenveen dy ’t sneontejûns “gewoan” om 19.30 begjint.
Nijs?
Mail it nei info@vv-sds.nl!
Net dronken?
In dronken skeids kin grappich wêze, mar dit soarte fan goals bliuwe ek hilarysk: