Weppers woansdei 8-4-2020
8 april 2020SDS en it Coronafirus (3)
15 april 2020Gert-Jan bliuwt as assistent
Wy binne tige bliid dat wy melde kinne dat ek Gert-Jan Hiemstra oanbliuwt by SDS 5 as assistent-leider fan Harm-Auke Dijkstra.
Promoasje/degradaasje
De kompetysjes binne stopsetten en der komt gjin ferfolch. It idee wie om takemjier yn de selde kompetysje wer útein te setten. Dat is foar sommige ploegen in opluchting en foar oaren in teloarstelling. De KNVB hat no besletten dat er in mooglikheid komt om fan klasse te wikseljen. Earste alvetallen kinne mei in goeie reden in fersyk dwaan. Wij kinne ús dêr wol wat bij foarstelle. ONS dat him al opmakke hie foar degradaasje, wol graach in klasse nei ûnderen. FC Burgum, rom boppe-oan en klear foar in klasse heger, Leovardia yn 3b in hiel ein foar en tige teloarsteld no. Mar miskien jout Workum, de koprinner yn 3A ek wol oan dat se omheech wolle en hoe sit it mei Nijland yn de twadde klasse. Dy seagen fansels ek al út nei de streekderby tsjin SDS yn 3A.
Wij binne benijd.
Koroanafuotbal
Wij hiene al it boerekoalfuotbal, it sirkulaasjefuotbal en tal fan oare farianten. Dêr is no ien bijkommen
Coronavoetbal: de ruimtes groot houden en je tegenstander op minimaal anderhalve meter dekken
Peashazze
Mei Peaske tinke wy altiten werom oan 1 april 2006 doe ’t SDS 1 tsjin BCV 1 fuotbalje moast. By SDS wienen wy wol yn foar in grap en om ’t sy by BCV wat lêst hienen fan hazzen waard de dei útroppen ta Knyntsjedei. Gerard van Asselt en Sjoerd Rispens waarden yn kreaze pakken hezen en mochten mei de spilers it fjild opdrafe. Yn de Treffer fan maaie 2006 kinne jim der mear oer lêze: sjoch hjir.
Mei bioskoopbûzen……..
Lege tribunes……..
Yn Wyt-Ruslân wurdt noch wol fuotballe, want dêr hawwe sy gjin Corona trochdat sy eltse dei wodka drinke, op trekkers ride en in soad yn de sauna sitte(?!). Dochs sjogge de supporters it net sitten om nei it fuotbaljen ta. Mar om net foar lege tribunes te fuotbaljen hawwe de Wyt-Russen der wat op betocht. Miskien ek in idee om soks by SDS te dwaan?
vv Workum 80 jier
It hie sa moai wêze kinnen. Workum 1 promovearret yn it jubileum jier. Dizze moanne besteane se 80 jier en lokwinskje se fan herte. SDS 1 en Workum 1 spylje faak wedstriden op it skerpst fan de snee. Yn it seizoen 2000-2001 sieten se beide yn de twadde klasse K. Kees Jansen wie trainer bij SDS en hij wie fan Workum kommen. It hiele seizoen yn byld kinne jim hjir sjen
Harsens derby (2225)
Dat is de lêste kear dat hy in penalty nimme mei…………..
Introducing the WORST ever penalty we’ve seen on #GRG 😱😂
(🎥 Jody Kane)#SundayLeague pic.twitter.com/41uMhXMG7W— Grass Root Goals (@GrassRootGoals_) April 10, 2020