Weppers snein 9-3

Ut- en ferslaggen 8-3
7 maart 2014
Weppers moandei 10-3
9 maart 2014

Ien minút stilte
De flaggen healstok en in ûnwurklike stilte. Yndrukwekkend wie de minút stilte ta neitinken oan Stoffel Bouma, dy’t woansdei ferstoar en dy’t wij misse sille op it sportpark.
Op beiden fjilden waard tagelyk stil holden ek al wie SDS 2 al in kertier oan de gong.

Pupillen fan de wike

Dizze sneon wiene der twa famkes as pupillen fan de wike. Evie Bouma út Wommels en Froukje Altenburg út Hidaard hiene in moaie middei en woene nei de tiid mei Ewout de Boer op de foto.

SDS 4

Ferline moasten wij noch alle war dwaan om ynformaasje te krijen fan SDS 4 nei in ferliespartij. Juster wie it oars, foar ús gefoel krigen wij de doelpuntenmakkers al troch foardat it doelpunt foel.
Hielendal út de skroeven wiene se foaral mei Rick Hendriks, dy’t fanôf no hatRick neamd wurdt.

Alde lullentoernooi
Hjoed foar de lêste kear it “Daan Boersma” âlde lullen toernooi. Fanô 13.00 oere yn de sporthal.

Letter miskien noch wol mear