Weppers snein 9-1

Winterprogramma SDS 2/3
8 januari 2011
SDS 1 seal op OFK
9 januari 2011

Traine SDS 1 let op
Yn it programma stie dat it trainen moandei fan 20.00-21.00 is. Dat is net wier. Dirk Yde jout ús troch dat it fan 21.00 oant 22.00 is. 20.15 fuort en auto’s meinimme

Traine SDS 2 en 3
Beste voetballers, 
Het trainen gaat maandag weer van start, we trainen in sneek bij sneekwitzwart. 
Aanwezig in sneek 19.30
Omkleden en warmingup
En stipt 20.00 trainen 
Zorg dat er voldoende vervoer aanwezig is om iedereen mee te nemen, aanwezig bij sportveld rond 19.00. 
Kom op tijd. 
Afmelden bij trainer op nr 06-46090270 
Mvg
Johan Faber

Fotoympresje
Fan de dei fan juster hat Douwe Durk in fotoferslach makke . Jim kinne it
hjir sjen.

Nijjiersit
De nijjiersit fan juster wie neffens ús ynskatting tige slagge. Snert waar om te rinnen en te draven en lekker waar om snert te iten . En fansels om efkes nei te praten en nei te sitten
.

Snertrinne
Der wie net in grutte groep mar dy’t der wol wiene, wiene fan hege kwaliteit. Jongste dielnimmer wie Halbe Willem Overal fan F4. En dat ss0nder mûtse.

Snertdrave
In flinke groep manlju en froulju gyngen om 14.00 oere fan start foar harren rin oer de pôle. En foardat je yn de gaten hiene wiene de earsten al werom. Jacob van Wieren en Immy Auck Kersbergen wiene de rapsten yn harren kategory. De âldste dielnimmer Popko Wijnia (hiel rom boppe de 40) rûn der meardere A en B seleksje spilers út.

Snert en brea ite
De snert makke troch tal fan froulju wie wer fan hege kwaliteit. Unbegryplik dat der noch wat oerbleaun.

Kommisje
Simon Kingma is sûnt koart ek lid fan de aktiviteitenkommisje. Tegearre mei Gatske, Eke en Annie sille sij de aktiviteiten regelje.

Taspraak
De foarsitter Douwe Durk wie frege om in koarte taspraak te hâlden. Dat slagge hielendal. Hij neamde foaral efkes it trainen op de fjilden fan oare klups wêr’t SDS no ek mei de jeugd gebrûk fan makket.

Draaiend rêd
Der wie ek noch hiel wat te winnen. Trije rûndes waard der in slinger jûn oan it rêd.

Pet op pet ôf
Elkenien koe meidwaan oan de fuotbalkwis petop petôf. It doel wie dat der 4 oerbleaunen. En dat slagge úteinlik. In fraachje oer it oantal doelpunten fan Ajax yn 2009-2010 soarge foar in kealslach. Ek de fraach oer de linker of de rjochter hân fan Maradona levere in soad sitters op.

Heal finale
Yn de heale finale mochten  Marco Hoekstra, Wilco Overal, Floris Hiemstra en Boudewijn Kramer meidwaan. Drege fragen fan Sjoerd, ûndersteunende filmkes fan Aant en in earlike puntentelling fan Dirk Yde soarge der foar dat Marco en Floris werom komme mochten foar de finale

Finale
It “TheodeJong” apparaat op tafel en 15 fragen. De striid fan Marco tsjin Floris waard foaral de striid fan Feyenoord tsjin Ajax. En it die de kommisjeleden dan ek sichtber goed dat Feyenoord wûn. Dus Marco. 
Marco gie nei hús mei de wikseltrofee, wat ynhâld dat der takem jier wer wat komt.

Muzyk
Der koe dûnse wurde op de muzyk fan de diskoteek fan Jan Bouke Bouma. It wiene foaral de hiele jonge froulju dy’t hjir gebrûk fan makke.

Fleskes
Net ûnfermeld moat bliuwe it feit dat de biertapperij op ien of oare wize beferzen wie en dat fleskes no de hannel wie.

OFK
SDS 1 seal sil moarn sjen as sy potten brekke kinne op it OFK yn Frjentsjer. Letter hjoed kinne jim hjir it programma besjen. SDS 1 fjild moat tiisdeitejûn.
Freedtejûn gie ferrassend VV Easterlittens seal troch. Sjoch hjir foar it ferslach fan freedtejûn.

Harsens derby (372)
As dizze bierkes no ek oars smeitsje is ús net bekend, mar wol wis is dat sy net boppe de fleskes fan juster útkinne: