Weppers snein 30-10

Utslaggen en ferslagen 29-10
27 oktober 2011
Weppers moandei 31-10
30 oktober 2011

SDS Da1 – VVO Da1
In spannend potsje juster yn Easterein. In protte prublyk foaral út Littens en omkriten. Wa’t der net west hat, kin de foto’s wol besjen. Tanksij Esther vd K dy’t ús
dizze link mailde, wêrfoar ús grutte tank.

Ledengearkomst
Kommende woansdeitejûn 2 novimber is de ledengearkomst fan SDS. At jim allegear moai op tiid komme, net te folle fragen stelle, dan soe it mooglik wêze kinne dat it lêste healoere fan Ajax noch besjoen wurde kin. Jildt ek foar net Ajaksiden.

Goeie nammen en moaie foto’s
Wij waarden juster oansprutsen op ferkearde nammen ferâlderde of gjin foto’s op de webside. Dat soe samar kinne. Wij krije it ek mar troch fan oaren dy’t miskien net altiten krekt witte hoe’t je in namme goed skriuwe moatte. Wij soene it ek ferfelend fine dat jim it oer Willum en Aand ha. Dus sjogge jim in ferkearde namme stean, lit it ús witte en sjoch jim in ferâlderde foto of gjin foto, mail ús in nijen

Justerjûn hiene wij de earste nammeferbettering en foto al binnen: Sjanouk (sa’t je it sizze, skriuwe je it ek) Veenje.

Wa past no op Dirk Yde?
Doe’t Marco Hoekstra, ass.trêner fan SDS 1, justermiddei hast al thús wie fanút Damwâlde, krige hij in tillefoantsje fan Dirk Yde, dy’t nei ôfrin noch efkes in behanneling krige:  “Wêr bisto en wêr binne de oaren allegear,” sa woe DY witte.
“Ik soe mar gau ien of oar belje, want ik bin al ûnderweis en neffens mij binne de oaren ek al fuort”, jout Marco oan.
Doe’t Marco yn Easterein oankaam, kaam ek heit Yde Sjaarda oanriden en Marco spruts him hjir op oan mei de wurden: “Moatst wol wat op de soan passe Yde”.
“Hij woe de hús út, dan moat er him hast ek rêde kinne”, jout Yde beret oan. 

Ut- en ferslaggen
Jim kinne de útslaggen fan juster
hjir sjen. It liket der op dat wij noch in pear misse. 

Op de fyts

Wij woene it earst hast net leauwe dat SDS op de fyts soe nei Skearnegoutum. Us twifel hie mear mei de lieders te meitsjen dan mei de spilers. Mar it bewiis kinne wij sels opleverje. Krekt foardat “it opwaarmerke” begjint, makken wij no krekt efkes in foto. Dat fytsen gjin skea docht oan prestaasjes die wol bliken. SDS B1 wûn en dat wie noch net sa faak foarkommen dit seizoen.  

Blues
It is hjoed wer de lêste sneon fan de moanne mei de R der yn. En dat binne Noflike dagen yn Eastersnein
. Om 16.00 oere dogge wij ús bluesbloeske wer oan.

Harsens derby (598)
Independiente Sante Fé hat in hûnstrou publyk……….