Utslaggen en ferslagen 29-10

Seleksjes sneon 29-10
27 oktober 2011
Weppers snein 30-10
29 oktober 2011

Mail de útslach, in koart ferslach, foto’s, doelpuntenmakkers, bijsûnderheden, eigenaardichheden, apartichheden, nuverheden en oare wissichheden nei dizze adressen en skilje de útslach efkes troch nei de kantine: 0515-331700 

9:00 SDS D1 – ONS Sneek D2  2-2
9:00 SDS E3 – Heerenveen E11G  0-15
9:00 SDS F4 – LSC 1890 F7  2-11
10:10 SDS E5 – IJVC E4  8-0
10:10 SDS F2 – Heeg F2  8-1
10:15 SDS C1 – Nijland C1  g.n.t.
11:10 SDS D3 – Makkum D2  1-8
12:15 SDS A1 – JV Bolsward A1  1-5
12:30 SDS DA1 – Oosterlittens DA1  1-1
14:05 SDS 2 – Harkemase Boys 2  1-4
14:30 SDS DA2 – Makkum DA1  6-0
9:00 Oosterlittens E4 – SDS E4  2-1
9:30 SWZ D4 – SDS D2  2-8
10:00 Bakhuizen F1 – SDS F1  3-9
10:15 JV Bolsward E3 – SDS E2  
10:30 SWZ F6 – SDS F3  2-1
10:30 VVI MC1 – SDS MC1
10:45 LSC 1890 E3 – SDS E1  4-2
11:00 Scharnegoutum’70 B1 – SDS B1  3-6
12:30 Heeg 2 – SDS 3  0-0
12:30 IJVC C2 – SDS C2  8-1
14:30 Broekster Boys 1 – SDS 1  4-1
14:30 Scharnegoutum’70 3 – SDS 4  útsteld
14:30 Ternaard 3 – SDS 5  0-3

Broekster Boys 1 – SDS 1      4-1
Wij hawwe in hierskerpe analyse krigen dizze kear. In slop begjin fan SDS nei in sloppe waarming up. Nei 2 minuten al op in 1-0 efterstân.  Yn blessuretiid earste helte wurdt it ek noch 2-0.
Nei de tee en wierskynlik in tongerpetear soe SDS der noch foar gean kinne. In reade kaart foar Tsjipke soarget foar in nummerike minderheid. Dochs skoart jelmer de 2-1.
Pas yn minút 90 en 92 beslisse de Broekster Boys de wedstriid mei twa doelpunten.  4-1 dus.

SDS 2 – Harkemase Boys 2        1-4
Effektyf wiene de Boys. De kânsen dy’t se krigen waarden ek benut. Wij hawwe begrepen dat Ayanle it ienige SDS doelpunt makke hat.

Heeg 2 – SDS 3     0-0
Wij kinne fan beide kanten gjin doelpuntenmakkers melde. En fierders binne wij fansels krekt as ferline wike wer yn ôfwachting fan it ferslach.

Ternaard 3 – SDS 5     0-3
In regelmjittige oerwinning, berjocht ús ferslachjouwer Harm Auke Dijkstra. Hij skoarde, Willem Veenstra die dat en oanfierder Tjeerd Dijkstra út in strafskop.

SDS Da 1- Oosterlittens Da 1     1-1
De dei fan de ( streek) derby ûnder de froulje. Sjoch it as Ajax-Feyenoord ,as miskyn sels Nederlân – Dûtslan.. Ôfrunde simmer waard dizze wedstriid al besprutsen, der waard sels in toto opstelt. Wêrbij it measte jild ynsetten waard op VVO. Dit joech ús ekstra motivaasje om ús fan de beste kant sjen te litten. Ek ûs trainers Bauke & Sytze wiene op’e hichte fan dizze striid, dus waarden we woansdei mei de treening goed op skerp setten. Dus gie SDS om 12.30 oere  fol goeie moed it griene fjild op. Gelyk waard druk setten troch de tsjinstanner. Nei sa’n 3 minuten resultearre dit yn moaie oanfal fan Littens, en dizze aksje waard troch hun suksesfol ôfronden. Hjirtroch waarden wy efkes mei de noas op’e feiten drukt, maar SDS wist it spultsje goed te herpakken. Oan’e tee ta bleaun dit goed gean. Fanselssprekkend krigen we in posityf praatsjefan ús Pietertje. Ek de 2e helte setten we dit nivo troch. VVO bleaun druk setten, mar koe ûs keapster Tarina net passearje.  Oanfal nei oanfal stie de keepster goed te plak. Mar SDS bleaun  sterk. Dêrtroch oan’e linkerkant in counter ûntstie. Yn alle kalmte naam Manon de bal mei en benutte dizze, sa as in echte spits soks hjêrt te dwaan. Gejuich yn it fjild en fansels ek langs de line. De sfear binnen de linen waard hieltiid grimmiticher. Beide klups hiene in lyk oantal taskogers meinaam nei it fjild yn Easterein. Hja stiene te genietsjen fan dizze streekderby en it spannende spultsje. Net allinnich it oantal taskôgers wie yn lykwicht, ek de einstân waard net yn immens foardiel eindige. Lykas Ajax-Feyenoord ôfrûnde snein …1-1. Wer bij SDS dochs mar efkes 2 punten ôfpakt hat it ûnferslanbare Littens (oant juster ta!) 
Dames 1

SDS da 2 – Makkum Da1       6-0
Amarins Hendriks, de keepster fan SDS hie in maklike middei. De ballen dy’t oan har ta kamen, kearde se goed en foar de rest wie it ienrjochtingsferkear nei de doelfrou fan Makkum.
Doelpunten fan Jitske Veltman (2), Joutsen Okkema (3) en Sanne Rixt Jorritsma.

SDS A 1 – jv Bolsward A 1
It soe samar kinne dat wij noch in ferslach krije mar wij melde no al fêst dat it doelpunt fan Jesse van der Weide wie.

SDS E5 tsjin YVC E4   8-0
SDS hie it yn it begin knap lestich. YVC kombinearre better en wie gefaarliker. Troch ynset en goed keeperswurk waard er gjin goal skoart.
In moaie frije traap wie it kearpunt (1-0). Dernei kaam SDS better yn it spul en troch oanfallen oer flanken foelen der noch trije goals.
De limonade hie goed smakke want direkt nij de ôftraap waard der wer skoart. De tsjinstanders liuwden it doe wol en úteinlik waard it 8-0 mei genôch kânsen foar mear.
De mannen tinke dat se kampioen wurde mar se moatte noch tsjin de nûmer 2 die ek noch net ferlern hat. We binne benijd wat it wurdt.
Jelle Wiersma