Weppers snein 29-1-2023

Sneon 28-1-2023
27 januari 2023
Wedstriidformulier ynfulle
30 januari 2023

Pupillen fan de wike

Stijn Kuiper en Roan Terpstra wiene de pupillen fan de wike bij de wedstriid SDS 1 – WPB 1

Skorst

Om ’t Erik Haitsma juster twa giele kaarten krige is hy skorst foar de derby kommende sneon út tsjin Scharnegoutum.

Speaker

Altyd folop yn de konsintraasje dy Enne Bruinsma. Hij wol foarâf de goeie opstellingen jaan en tidens de wedstriid graach de goeie nammen trochjaan at er skoord is en ropt de nûmers om fan de nûmers op de programmaboekjes wêr in priis op fallen is.

SDS JO19-1 hat oefene

SDS JO19-1 hat juster oefene tsjin TOP ’63 JO19-1 en wûn mei 3-2. De doelpunten waarden makke troch Niels Hiemstra, Redmer Wiersma en Jelmer Dijkstra.

SDS 5 pubkwis

De mannen fan SDS 5 hienen justerjûn harren jierlijkse uitje nei it Dielshûs yn Wommels. It waard in alderaardichste jûn mei in alderaardichste pubkwis. Doede- Douwe Koopmans, Frank Rijpma en Jan-Simon Jelsma waarden de winners.

Beammen


It sicht op Itens is aardich oars wurden.
De grutte beammen, sa’n 56 jier lyn plante troch Klaas Overal en Oebele de Boer moasten der wei fan wege “âlderdom”.
De hiele moarn en middei binne frijwilligers dwaande west om mei te helpen en de eigen houtfoarrie wat oan te fullen.

De nije SDS-League

De transfermerke sit der hast op, dus wy kinne hast los mei de nije SDS-League. Miskien hawwe wy folgend wykein de dielnimmersformulieren wol klear. De nije teams moatte ynlevere wurde foar sneon 11 febrewaris 19.00 oere.

Harsens derby (2133)

Toet, toet……..