Weppers snein 27-12-2020

Krystweppers
24 december 2020
SDS-League: “De Regenjas” pakt de titel!
29 december 2020

Snoekfiskje

Wy as wepmasters snapten der neat fan wêrom der safolle SDS’ers binne dy ’t sa graach snoekfiskje meie. Nei it lêzen fan de LC en it AD ferline wike begripe wy it better. De SDS’ers soargje der sa foar dat harren bern net earst mear it swimdiploma hoefe te heljen foar ’t sy by SDS komme te fuotbaljen:
,,Er woonden veel kinderen bij ons in de straat. Velen van hen zaten bij Steven op school. Hij had het in Leeuwarden enorm naar zijn zin”, vertelt Frank Berghuis. ,,Wat wel geinig was: we woonden daar pal aan het water, maar Steven kon toen nog niet zwemmen. Ik vertrouwde dat niet zo. Daarom vertelde ik hem dat er haaien in die sloot zaten.” Frank Berghuis vist er geregeld met een paar ploeggenoten. ,,We hadden bij Cambuur een heel leuk team, met jongens als Johan Abma, Marcel Keizer en Robert Loontjens. Ik weet nog dat we op een avond een grote snoek vingen. ‘Steef, kom eens kijken’, riepen we. ‘Deze beesten zwemmen hier dus.’ Vanaf toen heb ik ‘m nooit meer bij die sloot gezien, haha.”

It seizoen 1978-1979


Wa’t twitter hat, sjocht alle dagen in stikje fan SDS 1 yn it seizoen 1978-1979. Dat levert no al aardige reaksjes op fan fedetten en talinten fan doe en ek oare klups wurde herinnere oan dat seizoen yn de 4de klasse A. Ut dat seizoen komt dizze legendaryske foto.

Twitter fan SDS kinne jim hjir sjen

Leffert

Willem appt mij.
It is in rouadfertinsje.
Leffert de Jong sjoch ik stean.
Leffert de Jong? Kin ik dy?
“Een sigaartje, een bakje koffie of een mooi verhaal.
Voor ons ben jij dat allemaal.
Jij bent bijzonder maar tevens zo gewoon.
Wat gaan wij jou missen, jij mooi en geliefd persoon”

Dat skriuwe de Clienten& Begelieding fan Talant Tywerthiem Wommels.

Op slach wit ik it.
Leffert de Jong.
Dat is dus dy man dy’t ik earst altiten seach op it bankje bij de Jumbo foar.
Of de bank yn it Noard bij it kafetaria.
Dy man dêr’t ik wolris besocht in praatsje mei te meitsjen, mar dat slagge nea echt.

Leffert de Jong dy’t yn Tywerthiem wenne en dy’t ek bij SDS kaam.
Yn myn herinnering fytste hij earst nei Easterein. Mar miskien haw ik dat wol mis.
De lêste jierren kaam hij mei de (WMO) taksi.
Hij liet him moai op tiid ôfsette op it parkearterrein en hij skarrele  hiel langsum nei de kantine. Rinne waard hieltyd lestiger foar him.
Yn de kantine socht hij in plakje.
Fan it fuotbal seach hij net it measte, mar hij woe der gewoan bij wêze.
Allinne tusken al dy minsken.
Sa die der foarhinne bij Bolswardia tink ik. Ik tink dat dy klup yn syn hert siet.
Amateurfuotbal dat in prachtige sosjale funksje hat.
Foar ús allegear en seker foar Leffert.

Leffert de Jong is 74 jier wurden.

Spesjaal bierke!

Messi hat yn syn fuotbalkarriëre no 644 doelpunten makke. Dat is ien mear as Pelé. It biermerk Budweiser betocht dêrop fleskes bier te nûmerjen fan 1 oant 644 en dy by de keepers te bringen dy ’t in doelpunt fan him om de earen krigen hawwe. Sa krige Diego Alves (Almeria, Valencia) hast in kratsje fol (21 stiks), Casillas 17 en Buffon 2 fleskes.
No binne wy wol benijd fan wa ’t keeper Jaap Toering de measte fleskes krije soe. Stjoer it nei info@vv-sds.nl as jim in idee hawwe.
En welke keeper soe Hendrik de Jong de measte fleskes stjere moatte? Stjoer it nei info@vv-sds.nl.
Wy hoopje dit jier de antwurden noch te krijen.
Sjoch ek hjir.

SDS A1 yn 2005

It is dúdlik dat Klaas de Haan oan it foto’s opromjen is.  Hij stjoert ús no wat moaie foto’s ta fan SDS A1 dy’t yn 2005 tsjin CSL spilen. “In sterke technyske stêf” jout hij oan….

Harsens derby (2279)

Ho, ho, ho!