Weppers snein 27-10-2024

Programma en weppers sneon 26-10-2024
25 oktober 2024
SDS-League: 2 wykpriiswinners!
28 oktober 2024

SDS 3 ûnderút

SDS 3 hat it dreech dit seizoen. Juster hienen sy de útwedstriid tsjin Balk 4. Mei de rêst wie it noch 0-0. Uteinlik nei in 3-0 einstân dochs wer sûnder punten nei hûs….

SDS 4 wint de derby

SDS 4 mocht juster op it keunstgers spylje tsjin vv Nijland 3. SDS 4 hie wat personiele problemen, mar koe dit noch krekt wat oplosse. Keeper Gert-Jan Hiemstra melde him freeds ôf mei lêst fan de rêch en Mark Postma melde him sneontemoarns ôf mei spuiklachten. Lokkich wie Mark Klijnsma beskikber en wie de JO19 frij wêrtroch Pieter Bouma en Jelle Vellinga beskikber wienen.
Lieder Floris Hiemstra tinkt meast yn koppeltsjes dus as Jelle Vellinga meidocht kin Sjirk ek moai mei en as Minne Bouma wer meidocht kin syn Pieter ek moai mei. Hielendal no’t Dennis Dijkstra en syn soan Boaz der net binne.
SDS 4 en Nijland 3 wienen aardich oan mekoar weage, mar SDS 4 wist mei 2-0 te winnen troch twa goals yn de earste helte fan Tsjipke en Sjirk.
Tsjipke hat de bal it leafst op syn rjochter foet, mar skoort it meast as hy de bal op syn holle krijt of mei syn linker ôfmeitsje moat. Ek juster skoorde hy wer mei syn linker. Sjirk skoorde nei in knappe korner fan Bote troch de bal op de line hast troch it net te sjitten.
SDS 4 hat no alle 5 wedstriden noch wûn en mei nije wike út tsjin koprinner ONS 2 dy’t ek alles noch wûn hat. Feite en Dennis binne der dan al wer by en hooplik Mark en Gert-jan ek, mar Tsjipke is der net by. Wy sille it sjen.

Lokwinskuhuhuhuhuhuhuhuhuhuhuhuhuhuhuhuhuhuhuhuhuhuhuhuhuhhh!

Gert-Jan Hiemstra wurdt hjoed 50 jier! Fan herte lokwinske! Wy hawwe âld-SDS-trainer Kees Jansen frege om efkes in wurdsje foar him te dwaan.

Kees Jansen lookalike René Eijkelkamp………

40 jier!

Twa wiken werom fierde in groep SDS’ers harren 50e jier. Dizze moanne is in groep SDS’ers 40 jier wurden. Juster hienen sy in feessie. Rûn 1991 kochten sy der alfêst ien op yn kafé Bergsma:


Dirk de Jong, Tsjipke Okkema, Dirk-Yde Sjaarda, Hendrik Kuiper en Marten Faber.

Novimberfest by SDS

Oer in lytse 2 wiken!

Harsens derby (2273)

SDS 4 – Nijland 3 wie de muoite wurdich om te sjen. In soartefan rinnend fuotbal op syn hurdst sis mar……….

 

 

 

 

Letter mear!