Weppers snein 26-10

Ut-en ferslaggen sneon 25-10
25 oktober 2014
Weppers moandei 27-10
27 oktober 2014

Moandei nei it gemeentehûs
Moandei 27 okt. is der in rûntepetear yn Wommels oer de keunstgêrsfjilden yn Easterein.Hjir kin de Skoalleseize yn gearwurking mei SDS noch ynformaasje jaan oan de kommisjeleden fan de rie. Wy as bestjoer dogge in oprop nei ús leden en supporters om hjirby oanwêzich te wezen.19.30 begjint it petear.
It bestjoer.

Foto’s
Henk Bootsma hat juster wer wat foto’s sketten by SDS 1 – Delfstrahuizen 1. De link komt letter.


Utslaggen
Wa’t de útslaggen fan juster goed trochsjocht, sil konstateare dat der juster hiele goeie resultaten helle binne. In pear ferliespartijen, in pear gelikense spullen mar foaral in soad winst. De útslaggen en ferslaggen dy’t binne komme kinne jim
hjir sjen.

Pupillen fan de wike

Redmer Stegenga en  Gjelt Kempe wiene sneon de pupillen fan de wike. Sij woene mei soldaat (of miskien wol generaal) Posthumus op de foto ek al hie hij net rekke sjitten sneon.

Spulrigelbewiis
Woensdagavond spelregelavond!
De spelers van de volgende teams zijn van harte uitgenodigd, ook als zij het spelregelbewijs dit jaar nog niet hoeven te halen, VR1, VR2, A1, B1 en B2. Wie het bewijs wel moeten halen en het achterliggende verhaal kun je
hier lezen.

Clarence Sluierklassemint

Feite sjocht de bui al hingjen at hij nei de wedstriid efkes stiet te praten mei syn freondinne.  Klik op de foto om te sjen wat Feite nedich hat fan Nynke om him te skamjen foar it missen fan in strafskop bij SDS 2. Nee, gjin bûsdoek…

Bunnikside

Wêrom de sitplakken op de Bunniksite fuorthelle binne, wie it meast besprutsen ûnderwerp op de Bunniksite.

Harsens derby(1361)
Neymar probeare it juster ek efkes, mar komt net yn de buert fan Murata: