Ferslaggen 20 sept
19 september 2008Weppers moandei 22-9
21 september 2008Op de foto mei….
It wie de ultime dream fan Jan Rinse Blanksma om mei in bekinde Nederlanner op de foto. Yn de Volkskrant fan sneon wie te sjen dat dy dream útkommen is.
Erik de winst
Foarloapich it lêste keatsberjocht komt ta oan Erik Haitsma. Hij wint de earste priis op de Aldehoupartij. Juster trije punten bij it fuotbaljen en hjoed trije bij it keatsen
SDS League
Skriuw je ek yn foar de SDS League. Hjir kinne jim der alles oer fine. Je team moat ynlevere wurde foar sneon 27 septimber om 19.00. Jim hawwe dus noch 6 dagen.
Leverje je team it leafst hjoed of moarn yn dan kinne wy fêst begjinne mei it ynfieren fan de teams yn de komputer.
Ferslaggen
Der binne al wer meardere ferslaggen fan wedstriden(ek dy fan SDS 1) fan juster binnenkommen. Jim kinne se hjir lêze.
Clarence Sluierklassemint
SDS 5 mocht yn de wedstryd tsjin Berltsum 4 in strafskop nimme. Sommigen seagen nei Aant, mar it wie fansels Ype dy’t it fertrouwen krige fan de lieding en de ploech. Hij beskamme it fertrouwen: de keeper kearde de bal mei gemak. Ype is de twadde dy’t dit seizoen yn it Clarence sluier klassemint komt te stean. Gelokkich hiene wij noch in tapaslike foito fan him, want ek op Skylge hie hij alris in strafskop mist.
Strafskop
Wij witte allegear dat Harm Auke net folle nocht hat oan in soad rinnen. Dêrom witte wij no wol seker dat wannear SDS 5 in strafskop krijt, dy net wer mist wurdt, at Harm Auke dy mint. “At ik in strafskop mis, dan rin ik werom”, sa lit Hampy ús witte. Kommende sneon moat SDS nei Menaam en dat is in oere as 4 rinnen.
Jûchhei
Wij as webmasters folgje mei grutte belangstelling de resultaten fan de froulju. Omdat it moai waar wie, en der allegear hynders yn Wommels wiene, wie it in goeie saak om efkes nei Wytmarsum te lisfytsen om it debút fan de froulju te sjen. Bij 19-0 wie it in goed momint om de werom tocht oan te fangen. Earne tusken Wytmarsum en Boalsert hearde hij ynienen in geraas en gegil: Efterof die bliken dat SDS de 20-1 skoard hie. Joutsen Okkema wie doelpuntenmakster.
Fraachje oan de skeids
SDS 5 is fan doel sa no en dan in fraachje oan de skeids te stellen. Sij hoopje dat in diplomearre skeids fan SDS in antwurd jout.
De fraach dan dizze wike:
Klaas Kamstra is doelman fan SDS 5. SDS 5 krijt in strafskop. Omdat Ype gin selsbetrouwen mear hat, mei Klaas de strafskop nimme. Fraach is: mei Klaas syn pet ophâlde?
Super
It falt net miskien net direkt op, mar at je goed nei de útslaggen sjogge fan juster dan sjogge je dat alle E ploechjes wûn hawwe. En dat is lang lyn.
Super(2)
It wie juster in genot om te sjen hoe ’t de SDS-froulju omgienen mei harren ferlies. Der wienen allinnich mar tefreden gezichten te sjen. Sy hienen ommers ien goal makke. In foarbyld foar de mannen woenen wy mar sizze.
SMSkes
As je witte wolle hoe ’t it stiet by in team fan SDS wat út spilet moatte je by Jeroen Brouwer yn de buert stean. Hy krijt om de haverklap in SMSke. Wy hienen wol sjen wollen hoe ’t it juster wie doe ’t hy de SMSkes krige fan de SDS-froulju. “1-0”, “2-0”, “3-0″…….. Hy soe de tillefoan net lang yn de bûse hawwe kinne en nei it lêste berjocht fan “16-0” en 9 miste oproppen hie hy wol genôch witten………. Hy hie der dan al in goal nêst sitten….