Ut- en ferslaggen 1 novimber
31 oktober 2008Weppers moandei 3-11
2 november 2008 Stoere meiden oplette! Freed 7, 14, 21 en 28 novimber om 19.00 oere binne der gratis fuotbalclinics foar de famkes ut de groepen 7/8 en de brugklas, fersoarge troch in proffesjonele trainer. Fynst it fuotbal nei de clinics hielendal geweldich, dan kinsto dy by de trainer oanmelde foar famkesfuotbal by SDS. Binne der genoch famkes dy’t dat wol sitten sjogge, dan starte we nei de winterstop mei in trainingsploech foar jimme leeftyd! Al 15 meiden ha harren oanmelden foar dizze sportieve juntsjes. Wolsto ek noch meidwaan? Jou dy dan foar tongersdei 6 novimber op by Anke van Asselt (ankevanasselt@hotmail.com) Net yn de wylgen
Regelje at it even kin fuotbalskuon en skeenbeskermers by klasgenoaten, en kom no freed om 19.00 oere yn sportieve klean nei de sportfjilden yn Easterein!
At je earne mei stopje dan hingje je meast iets yn de wylgen. Harm Bergsma stoppet ek earne mei mar wij tinke dat hij syn kalkkarke net yn de beam hinget, want der wurdt foar Harm nei in opfolger socht en dy hat dat karke wer nedich.
Wij hawwe begrepen dat Harm him hielendal talizzen giet op gehakballen draaie.
Tikkie terug Jaap
It hat lange tiid stil west bij ús TikkieTerugJaap klassemint. Mar sûnt 1 novimber kinne wij helaas wer ien bijskriuwe. In echte dizze kear. It barde bij SDS 1, de dieder wie Henk en op it doel stie…..Jaap. In echte dus.
Ferskriuwe
Wij ferskriuwe ús allegear wolris. Sa rekke Lieuwe Meijer lichtelik yn panyk om dat wij op de side setten hiene dat F1 earder spylje moast ynstee fan F2 (sorry Lieuwe). Doe’t SDS 5 sneon werom kaam yn de kantine stiene der ek twa ferskriuwinkjes op. SDS 5 hie net ferlern mar wûn en se hiene net fuotballe tsjin Pijperkerk mar tsjin Rijperkerk
Hert ûnder de riem
Ik ben deze week in Atlanta geweest voor mijn werk en wat trof ik daar: (zie bovenstaande foto’s)
Dit moet de Feyenoord supporters die het op dit moment erg zwaar hebben toch goed doen dat midden in de city of Atlanta een kroeg staat met als naam het lijflied van hun club!!
Maar als echte PSV supporter moet ik toch kwijt dat er geen kop in deze kroeg zat………
Remco
Kin gebeure
Robinho gie ôfrûne simmer foar in bult sinten fan Real Madrid nei Manchester City. Of wie it no Chelsea??