Weppers snein 18-12-2022

SDS WK-League foarútsjen
18 december 2022
SDS WK-League 2022 einstân
18 december 2022

SDS 2 ûnderút

De wedstriid sc Bolsward 2 – SDS 2 waard ôfrûne sneon foarearst ôflast yn Boalsert, mar koe úteinlik dochs noch om 14.30 oere ferspile wurde yn Easterein. SDS 2 ferlear jammerlijk mei 3-0. By de rêst wie it noch 0-0 en de earste helte hie SDS genôch kânsen om foar te kommen. De twadde helte kaam sc Bolsward foar nei in penalty en nei in foute weromspylbal waard it 2-0. De 3-0 wie úteinlik in formaliteit.
De kompetysje fan SDS 2 giet no oer de kop en wy sille sjen wat foar programma dat foar de twadde helte fan it seizoen opleverd.

Krystsealtoernoai yn Frjentsjer


Sneontejûn spilen Mark Klijnsma, Gerwin Sijbesma, Tsjipke Okkema, Matthijs Postma, Douwe-Jan Vellinga, Jelmer Posthumus, Tjitse Postma en Jelte-Pieter Dijkstra foar SDS de earste foarrondewedstriden op it krystsealtoernoai yn Frjentsjer.
Dit wienen de útslaggen:
18.45 oere: Lahaise – SDS 0-3
20.15 oere: Keunstofflieren – SDS 3-0
20.30 oere: Aboukerst – SDS 0-2
21.45 oere: Scharringa – SDS 3-1
2e Krystdei spilet SDS noch 4 foarrondewedstriden yn Frjentsjer om te probearjen by de lêste 16 te kommen.
It begjint foar SDS om 9.45 oere mei in wedstriid tsjin koprinner Van der Ploeg Schilderwerken.
De 8e finales begjinne om 12.25 oere.
De earste 5 yn de poule geane nei de folgende ronde.
Dit is no de stân:

Hjir kinne jim alles oer it krystsealtoenoai fine en de útslaggen folgje.

Bote Strikwerda

In opfallende ferskining sneontejûn yn sporthal De Trije by Scharringa op goal:

Winners


Op de lêste training fan SDS 1 yn 2022 waarden Luuk van der Schaar, Remco Hijlkema en Stan Korbach winners fan it ûnderlinge toernoai. Soks is wol in foto wurdich.

 

Lol

WK-finale yn de Jimbar

Foar wa ’t de WK-finale graach mei mear minsken sjen wol is de Jimbar yn Wommels fannemiddei in oanrieder. Hy sil wol in oer as 15.30 oere iepen gean.

SDS-nijjierssit op sneon 7 jannewaris

Wy hawwe no suver efkes winterstop en sjogge jim op sneon 7 jannewaris wer. Hasto dy al opjoen foar it fuotbalmikstoernoai mei de SDS-nijjierssit op sneon 7 jannewaris?

Harsens derby (2119)

Ho….