Weppers snein 16-6-2024

EK-League 2024. Wy geane los!
15 juni 2024
EK-League 16-6-2024
17 juni 2024

‘Nije’ oanwinsten foar SDS 1

By SDS 1 sjogge wy kommend seizoen 3 ‘nije’ gesichten. Sy binne net hielendal nij. Alle 3 hawwe earder ek by SDS balle. Foar de iene is it wat langer lyn as de oare.
Dit binne se:
– Jan-Peter Bootsma

Jan-Peter Bootsma keepte yn syn jongste jeugd by SDS en hat de lêste jierren by vv Oosterlittens en vv Dronrijp ûnder de latte stien en efkes in jier net keept. It kribelt wer en hy sil kommend seizoen mei Mark Klijnsma útmeitsjen gean wa’t earste keeper wurdt by SDS 1.

– Wytze Lanting

Wytze Lanting hat yn de jeugd by SDS balle en dêrnei in skoftke by SDS 1. Nei in útstapke nei vv Scharnegoutum komt hy no werom en slút hy oan by de A-seleksje.

-Sjirk Vellinga

Sjirk hat syn hiele jeugd by SDS fuotballe, mar fuotballe it lêste jier by sc Bolsward JO19-1. No komt hy werom en slút hy oan by de A-seleksje.

Slachtemaraton

Juster hawwe guon SDS’ers de Slachtemaraton draafd. Guon de heale maraton en in stik of wat de hiele maraton. Wy seagen ek wat âld-SDS’ers lykas Dirk-Yde Sjaarda, Tjerk Andringa, Jildert Hylkema, Henk Ruiter en Rients Rienstra. As wy de útslaggen wat trochrinne dan binne dit neffens ús de SDS’ers dy’t meidien hawwe:
Redmer Wiersma, Anne Stenekes, Syb Overal, Helga Develing, Allert Turksma, Jeffrey van der Werf, Tom Wijnia en Ids de Boer.
Hjir kinne jim fan elkenien de útslach fine.


De SDS’ers Anne Stenekes, Syb Overal, Tom Wijnia en Allert Turksma foar de start

Opstelling klear

Ronald Koeman moat miskien noch efkes puzzelje, mar Wout Dijkstra hat de opstelling fan it Nederlâns alvetal fannemiddei tsjin Polen al lang klear:

SDS EK-League

As alles wat meisit dan komme wy jûn mei de earste stân.

Jimbar iepen

Mochten je fannemiddei de fuotbalwedstriid Nederlân – Polen net thús op de bank sjen wolle dan kinne je der altiten foar kieze om it efkes yn de Jimbar te sjen.
De Jimbar giet om 14.30 oere iepen.
Gjin fotobeskriuwing beskikber.
De Jimbar yn it Oranje mei it EK 2000

Harsens derby (2254)

Dit hie wol wat fan it ferdedigjen fan de Skotten tsjin de Dútsers…..

Letter miskien wol mear!