Weppers freed 13-1
13 januari 2017SDS seal sûnder sukses op OFK
14 januari 2017Efkes Balje
Ik soene it oer it waar ha kinne at ik wat oer dizze edysje skriuwe wol. Sa as dat it begong mei in folle moanne en it einige mei in hiele stoarm en in swiere bui. Dêr tuskenyn sloech it kâlde reinwetter foar master op. Mar oer it waar skriuwe dat hat gjin sin. Der binne gewoan 11 man om oer te skriuwen
Ik kin it better hawwe oer dat geweldich doelpunt fan Douwe Dirk Reitsma, dy’t in steande ovaasje krige.
Ik kin it ek ha oer de fiter fan Pieter (V), want dy soarge der foar dat hij de helt fan tiid foaroer stie te fiterjen. Dat oplêst Bertus him helte moast hie te meitsjen mei syn ferklomme fiterfingers.
Ik soe it ek ha kinne oer de roaze sokken fan Bertus mar dat is net leuk, want dêr is hij sa grutsk op dat wolle je witte.
Oer de mûtse fan Wouter is ek wol wat te sizzen, guon hiene it idee dat se mei in karnafalsgonger te meitsjen hiene. Gelokkich die hij him ôf tidens de wedstriid.
Dat Harry syn wintermûtse ophâlde mocht wie logysk, hij hat oars gjin beskerming tsjin kjeld.
Iets skriuwe oer de twa jonges dy’t yn dit bistewaar ek mei dwaan woene jout ek oanlieidng om komplimenten út te dielen: Douwe Jan en Tjitse stimulearden elkoar as twa jongsten yn de ploech Jong-EB en it wie in aardichheid dat se meidiene.
En dan wat skriuwe oer Menno: hij komt allinne oer de middenline om in doelpunt te meitsjen en dat die hij dus yn de finale. Hij krige der lykwols sels gjin waarme hannen fan.
Oer Theo kin ik it ek hiel maklik ha. Hij is wer hielendal fit, fuotballe gedreven tsjin syn soan en mei sok waar “tekent” hij sa ek noch sa moai (wêr wiene de fotograven?)
Foeke Dirk moast it dus opnimme tsjin syn heit en hij dat op duvelsk flugge skuon, dy’t hij foar de wedstriid twadde hâns op de kop tikke. De skuon hiene noch nea sa’n sokke topsnelheden berikt.
De stikjeskriuwer kaam mei twa pear skuon en kaam mei ien pear thús. Hij hat wer genoaten fan twa moaie partijen op in prima te bespyljen fjild wêr’t “5 kear jong EB” iets slachfeardiger wie as “6 kear âld EB”.En nei ôfrin lekker opwaarme oan in tapaslik bierke
Aant