Weppers snein 14-12

Útslach 13-12
12 december 2008
Weppers moandei 15-12
14 december 2008

Slagge

SDS is twa diplomearre skiedsrjochters riker: André Vink en Jan Bouke Bouma binne slagge foar it skiedsrjochtersdiploma. Fan herte lokwinske.

Net dus
It idee fan Jaap Toering om de húsfotograaf te wurden fan de nije ploech fan Dick en dêrbij gebrûk te meitsjen fan de apparatuur fan Henk, liket Henk net in goed idee:
Jo moatte jo frou en jo ark nooit útliene…..dus.

Middlesbrough-Arsenal
Anne-Marije en Aant soene dit wykein nei de wedstryd Middlesbrough- Arsenal. De reis gie lang om let net troch want der wiene te min dielnimmers. Om dochs in bytsje fan de sfear mei te nimmen hawwe se de wedstryd justermiddei mar op Sport 1 sjoen. En dêrnei Liverpool-Hull City en doe Tottenham-Manchester en oanslutend Heerenveen-de Graafschap (ien helt), Feyenoord- AZ en as slotstik noch de twadde helt fan Barcelona- Real Madrid. It like wol in dei SDS. En dan tuskentroch ek noch in prachtich boek lêze fan Marcel Goedhart: “Mijn dochter zit op voetbal.”

Sport yn in blomstik

De kantine wie juster ticht. Dat wie spitich foar de leafhawwers fan kryststikken. Want op de bar stiein Kryststik mei de tekst: “Het kaatsen, het voetballen en het jeu de boules zijn hierin verwerkt”
H.g. de Passage

Draaisirkel fan in….
Hugo Borst is ús favorite kollumskriuwer. Juster skreau hij oer it ferhaal dat in diel fan de seleksje fan Feyenoord it net mear sitten sjocht yn Verbeek. In prachtige kollum omdat hij krekt as ús fynt dat dy spilers ophâlde moatte te seuren. Oer Hofland syn draaisirkel hat hij in hiele leuk betocht:
Denkend aan Hofland kwam ik trouwens op de volgende geniale zin: terwijl Hofland om zijn as draaide kwam de zon op en ging weer onder.
De hiele kollum kinne jim
hjir lêze.

Stoffel as flagger yn Ljouwert
No kom ik yn in protte kantinesss en dizze kear mei it twadde by de Ljouwerter Sweltsjes, mar jo wurde elke kear wer ferbaasd!
It twadde, dan soene jo sizze dat men mei iepen earmen ûntfongen wurde en nei de wedstriid steane de gehakballen, hapkes en snapkes allegearre klear.
Wa sieten nei de tiid efkes yn de bestjoerskeamer? De skiedsrjochter (in bêste man mar koe de kûpertest, coupertest as krûpertest krekt net helje), Tinus en op ’t lêst kaam de assistint/grinsrjochter ek efkes del en der koe wrachtich in friske ôf mar dat wie it en nea wer in bestjoerslid sjoen.
 
Omdat wy toch wat roppich wiene (bôle ferjitten) gie it op nei in bal gehak en as de gehakballenkommisje dêrby west wiene, dan hiene hja de lêste hap net iens nommen. Sûnder foarke, mei mosterd as majo, it wie neat (in fjouwer plus) en as it ffifde dêr west wie, de betsjinning troch in pear kreaze froulju waard dan ek sifere op in lytse 5!
Ien meifaller want hja hiene dêr in hearlike Hertog Jan mar dan wol yn in fleske. Spitich dat de sjauffeur sa betiid nei hûs woe!
Fierder de groetnis fan Hylke want dêr krigen wy allegearre in bierke fan. Fansels ha wy him noch efkes lokwinske mei syn soan.
It wedstriid ferslach sil noch wol komme mar wy meie neffens my bliid wêze mei in punt en wat Hylke se: “Stoffel, do bist in bêsten foar de klup en no wit ik net oft hy bedoeld dat ik ferkeard as goed flagge?”
Stoffel