Weppers snein 13-7

Weppers sneon 12-7
11 juli 2008
Weppers moandei 14-7
13 juli 2008

Teamyndielingen senioaren
De foarlopige teamyndielingen fan de senioaren binne bekend. Jim kinne se allegear fine ûnder it kopke “senioaren”.

Foarlopich
Je kinne je begripe dat alle teamyndielingen foarlopich binne. Der kin altiten noch wat feroarje. Miskien meitsje b.f de fuotballers dy ’t meidogge oan it WK fan ’t simmer wol sa ’n progresje dat sy allegear taheake wurde oan de A-seleksje.

Blessearden
Opfallend oan de seleksjes is mei nammen dat der noch safolle blessearde spilers binne. Wy hoopje dat sy allegear gau wer fuotbalje kinne. Soenen alle senioareleden der elke sneon wêze dan hienen wy seker witten in SDS 6 en 7 hân. Der binne namelijk sa ’n 111(!!!) senioareleden.

Fan herte lokwinske!
De leave freondinne fan Harm Auke Dijkstra, Vera de Vries, wurdt hjoed 22 jier. Fan herte lokwinske!!

Oelie Eisma
Sjoen it grutte oantal kaarten dat hij al krigen hat, witte in soad minsken wol dat Oelie Eisma mei in earnstige sykte yn it sikenhûs lein hat. Oelie, dy’t as frijwilliger moandeis de kantine altiten mei skjinmakket en hast nea mist op sneon bij SDS, is sûnt freed wer thús. Hij is yn ôfwachting fan in oprop foar in chemokuer. Wij winskje him in protte sterkte en roppe jim allegear op, om him  efkes in kaart te stjoeren as hert ûnder de riem yn dizze drege tiid. It adres is Boppe 13 yn Wommels.

Konsekwint
De minsken yn Grou binne konsekwint dat murken wij sneontemiddei bij it skûtsjesilen. Wylst oare frjemden yn harren entoesjasme meast roppe “He, Sinterklaas”, wie der no in âld man dy’t rôp: Sjoch, dêr hawwe wij
Sint Piter ek al wer.”

Fierljeppe
Emiel, Jelle Jan en Doede Rients binne trije jeugdfuotballers bij SDS. Wij freegje ús oprjocht ôf at wij dizze talinten wol behâlde kinne foar it fuotbaljen en dus foar SDS. Want de hearen hawwe ek oare talinten. Wij tinke dat Winsum foar harren
in echt doel wurdt.

Folgend WK
Moandeitejûn wurdt der yn Wommels wer fuotballe. It begjint om 19.30 op it fuotbalfjild.

“Nije” Ronaldinho
De “âlde” Ronaldinho is noch net iens âld of de nije stiet al klear. Syn namme is Alain Richard Ebwelle. Hy is 12 jier en fuotballet ek by Barcelona. Sjoch en genietsje!