Weppers snein 11-12

Utslaggen sneon 10-12
9 december 2011
Weppers moandei 12-12
11 december 2011

Minne sneon
Foar SDS 1 wie it juster in minne sneon. Net spylje, net oefenje, Minnertsgea 1 punt en Berltsum 3 punten. Sa sakket SDS 1 nei it 13de plakje.

SDS 5 derop út!
SDS 5 gie der juster op út. Wy hienen gjin idee wat sy dwaan gienen oan ’t wy justerjûn yn de Stolp yn ien kear omroppen hearden; “Wilt u alstublieft de bowlingbaan vrijmaken voor Herbstmeister SDS 5?”

SDS 5 derop út!(2)
It ferslach fan justerjûn hawwe wy fansels al binnen krigen fan Wichard, mar de foto’s fan Harm-Auke binne der noch net. Wy woenen oars beide mar bewarje foar it krystnûmer fan de Treffer.

Utslaggen
C2 hat juster net fuotballe en D1 hat juster mei 8-0 ferlern fan Frisia D2.

Klaverjasse
Trije tafels wiene der juster mei it klaverjassen. Dat wie wol wat teloarstellend mar de wille wie der net minder om.
De grutste wille nei ôfrin wie bij Wilco Overal. Hij hie de measte punten (5528) en kin rollade ite. Uiltje Bouma gie mei de karbonades nei hûs (5110) en Harm Bergsma siet justerjûn mei in stikje woarst bij de buorrel (5019)

Jierdei
Juster is Tjalling Tjalsma 11 jier wurden en hjoed wurdt Dirk Breeuwsma 10 jier. Fan herte lokwinske!!

Sealtraine

Maandag    17:00-18:00  F1/F2 Hans van der Schaar
Dinsdag     16:50-17:50 B1 Gert Jan Hiemstra 
Donderdag 17:00-18:00 C1 Boudewijn Kramer

Groeten út de rimboe!
Tongersdeitejûn hie SDS 1 de wedstrydbespreking yn de bestjoerskeamer en om ” t de kantine fierders ticht wie waard der besletten om nei de Jimbar te gean. Trainer Jaap de Blaauw gie ek mei; “ik ben wel benieuwd wat dat is? Dy mannen hebben it altyd over dy Rimboebar!”

Harsens derby (631)
Soe dit no wêze om ’t de oare flagge stikken wie of soe de skieds blyn wêze?