Sneon 7-9-2024
6 september 2024Weppers tongersdei 12-9-2024
12 september 2024SDS JO10-2
De earste teamfoto is al binnen! No de rest noch!
Dit binne Jeroen (de âldste),
Ynse Fedde, Quin, Tygo, Ruerd, Jilles
Gerrit en Imre
Wite linen
Klaas Overal spotten troch Henk Bootsma
Pechfûgel (1)
Jildert Hiemstra hie sneon nei de wedstriid fan SDS/Nijland JO19-1 tsjin OHH JO19-1 al wat lêst fan de pols, mar dat koe net folle wêze. Nei in noflike neisit yn de kantine en in jûntsje op stap de folgende deis dochs mar efkes by de Dokterswacht west. De pols is op 2 plakken stikken……. Betterskip, Jildert!
Pechfûgel (2)
Jildert Hiemstra wie net de ienige pechfûgel sneon by SDS/Nijland JO19-1. Syn neefke Jorn bruts syn finger. Betterskip, Jorn!
SDS’er der op út
Steven van der Pol sit yn Thailân en hat dêr ek al in favorite fuotbalklup; Thai Port. Hy hat sels al in wedstriid fan Thai Sport bywenne. Dy waard mei 4-1 wûn.
It sil wol in Thai ploegje wêze……
SDS-League
Fansels hawwe Okke van der Kamp, Dooitze Nauta, Arjan Hallema, Wessel Schraa, Mark Klijnsma en Ate-Feike de Boer harren nije team al lang ynlevere. No de rest noch!
Jim hawwe noch oant freed 20.00 oere. Graach de spilers mei de nûmers.
Harsens derby (2261)
Toet, toet!
— Out Of Context Football (@nocontextfooty) September 8, 2024