Sneon 7-2-2026
6 februari 2026Pannakoai
Sneon gie de wedstryd fan de JO8-1 tsjin Tzum net troch. Dêrom hie Rudy Dijkstra, de leider fan de JO8-1, in oare opsje betocht. In wedstryd yn de pannakoai yn Wommels.



Haadpriis
SDS-trainer Douwe Posthuma wûn juster mei it Draaiend Rad de haadpriis, in rollade fan Murks Slagerij. Douwe hie der sels net folle ferlet fan en joech him fansels oan de man fan de wedstriid sneon by SDS 1, Kees Sandstra.
Slokje
De flagger fan SDS 4, Auke Hiemstra, hat de hiele moanne jannewaris gjin bier dronken. Dit foldie him bêst. Mei it Draaiend Rad wûn hy sneon in flesse ‘Eastereiner Slokje’. Dat foldocht fêst ek wol.
Poedelpriis
Sybrecht Overal en Willem Twijnstra waarden mei de earste helte fan de SDS-League lêste en krigen sneon de dikfertsjinne SDS-poedelparaplu.

Nije ljochtmêsten
As alles wat meisit dan komme tongersdei de nije ljochtmêsten.
Lokwinskuhuhuhuhuhuhuhuhuhuhhh!
Juster wienen sawol de SDS-supporters Lolke Hofstra en Herman van der Weg as SDS-trainer Douwe Posthuma jierdei. Allegear noch fan herte lokwinske!
Harsens derby (2364)
Knappe redding…….
This is the best save you’ll ever see 😂 pic.twitter.com/mDndaEXf6m
— Dirty Footballer 👊 (@DirtyFootbaIIer) February 4, 2026


