Weppers moandei 9-1

Weppers snein 8-1
8 januari 2017
SDS-League: ‘Ajarnox’ pakt de titel!
9 januari 2017

SDS Vr.1 jûn op it OFK

De froulju fan SDS Vr.1 meie jûn los op it OFK yn Frjentsjer. Sy sealfuotbalje mei Alize, Geeske, Jeska, Hester, Sieta, Tjitske, Janieke en Lysanne. Mark Postma is de coach en Bote is mei as flagger. SDS Vr.1 sit yn in drege poule mei sc Emmeloord, Hardegarijp, LAC Frisia, zvv Avanti, vv St. Annaparochie en Heerenveense Boys 2. De earste wedstryd is om 20.12 oere tsjin Sint Annaparochie.

Thomas

Thomas van der Meer fuotballet bij SDS 4. Hij is in troue spiler. Sneontemoarn wie hij benijd at it trochgean soe. Fluch seach hij op de side, seach iets stean fan “it giet troch”en hij seach is wurdsje “seal” ek noch stean. Hielendal best tocht Thomas en hij die syn sealskuon yn de tas.  Ferbaasd  seach hij yn Easterein dat it oars wie. Iets te hastich sjoen.  Dus in pear skuon (maatsjes 41) liene fan …Amarins.  En dat gie hielendal net sa gek. Want in kear ferlieze, twa kear gelyk mar ek ien kear winne. Winne fan Eeltje Postma… Dy brede laits, dy’t wij seagen doe’t hij ús dit fertelde. is net wer fan syn gesicht ferdwûn. Sneon net en snein ek net……

Bas krijt in nije hartklep

De leider fan SDS JO9-2, Bas van der Weij, is hjoed opereard yn it sikenhûs yn Grins. Hy moast in nije hartklep. In kaartsje sil him goed dwaan.
Sy kinne nei;
De Singel 21,
8734 HP Easterein

Priisútrikking


Wij krigen ek noch in foto fan de priisútrikking fan it sealtoernooi fan JO 15 en JO 17 ôfrûne sneon.

SDS-League

Sneon hearden jim op de nijjierssit alle winners yn de SDS-League. Jûn let stiet de hiele einstân hjir op de webside.

Efkes Balje

De earste sneonsedysje fan it EfkesBaljen is in feit. Op de tige suksesfolle “SDS dei yn de winter” mocht it melearde selskip oantrede doe’t de finale fan it mikstoernooi úteinsette.
Mei 12 man wie der in evenwichtige ferdieling moooglik. Dat slagge dan ek want de earste partij wie in proai foar de hesjes.. Wylst it tsjuster ynfoel, de mist opkaam wie it optimisme foar in finale noch grut. Trije doelpunten út…klonk it en sûnder diskúsje wurdt soks akseptearre. De hesleazen setten goed útein, de hesjes makken gelyk en it duorre frij lang dat de hesleazen de 2-1 makken. Dat hie in moai ein west, mar it gie doe noch om dat lêste doelpunt. Grutte kânsen mar it like der wol dat Pieter de Boer net nei Sipke de Boer, normaalsprutsen al jierren de stjêr op syn Aaipop.ta woe. Hij krige noch mear grutte kânsen as Luuk de Jong yn de lêste 14 wedstriden mar skoare ho mar…. Earlikens freget om der bij te sizzen dat ek tal fan oaren tsjin it brûzen, it bierdrinken of it melken opseagen.
Ek wer yn goed oerlis waard de wedstriid stopset; dit duorre echt te lang.
De hesleazen waarden úroppen ta winners.
Hesjes: Stan, Ferrie, Harry, Folkert Rients, Theo en Aant
Hesleazen: Wouter, Frank, Pieter, Menno, Douwe Dirk en Franke

Harsens derby (1817)

Út ûnbetroubere bron hawwe wy fernaam dat dizze man no noch jûchheid……..