Littenseradiel foar altyd
8 december 2025SDS-nijjierssit
Sneon 3 jannewaris is de jierlijkse SDS-nijjierssit. Moarn kinne jim hjir it útgebreide programma besjen. Hâld de dei mar fêst frij.

Flagge út
By de famylje Van der Weg koe dit wykein de flagge út. Robin van der Weg makke by SDS 1 de winnende goal en Milan van der Weg hie in grut oandiel yn de winst fan SDS 4 mei syn 3-1.

SDS-enkête
Jim kinne noch altiten de SDS-enkête ynfulle. Klik hjir.
Wy hawwe ynmiddels 17 binnen. Hjir kinne noch wol wat by.
Kantine
Tongersdeitejûn is de kantine nei it trainen wer iepen. Wepmaster Willem sil jim foarsjen fan hapkes en snapkes. En fuotbal op it grutte skerm en miskien wol in knap stikje muzyk.

SDS-League
As alles meisit dan kinne jim hjir woansdei de nijste stân fan de SDS-League besjen.

Sparje foar SDS
Hawwe jim dizze app al delhelle?
Troch bygelyks by de Jumbo te boadskipjen kinne je dêrmei jild foar SDS sparje.

Krystsealtoernoai yn Frjentsjer
Hjoeddeis wurdt der net mear sealfuotballe op 2e krystdei yn Frjentsjer. Dit krystsealtoernoai is no allinnich op de sneons foar kryst. Tradisjoniel docht der wol wer in ploegje SDS’ers mei. It sealtoernoai begjint 20 desimber om 16.00 oere en is in oer as 21.30 oere dien.

Aldjierssealbaljen yn de sporthal
Tradisjoniel wurdt der op âldjiersdei sealfuotballe yn de sporthal yn Easterein. Foar SDS is der in oere reserveard fan 13.00 – 14.00 oere. Wa ’t it wat liket om mei te dwaan en mear fuotballers hjir enthousiast foar te krijen mei kontakt sykje mei willem@vv-sds.nl.
Harsens derby (2351)
Ho!
The most Sunday League video you’ll see all day. 😂 pic.twitter.com/3UxF1prp6L
— Sunday League (@SundayShoutsFC) December 7, 2025

